13.05.2013 Views

de Moanne

de Moanne

de Moanne

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

al wat mei dy dichter oan ’e gong west en in wike

letter hienen wy sân oersettingen. Ik tink dat wy

hast de iennichsten yn West-Europa west hawwe dy’t

fuortendaalk mei oersettingen fan Milosz kamen.

Dan ‘googleje’ ik eefkes op ynternet en skriuw dêr in

ynliedend stikje by.

fjirde bedriuw

(IV.1)

EB: Hoe finansiere jim dat allegear?

YN KOAR: Net! Wy wurde nèt finansierd.

ADV: Teminsten net wat de ynternetsite oanbelanget. Wy

ha in subsydzje-oanfraach lizzen by twa ynstânsjes.

Ien is it Feitsmafûns. Dat is ek tawiisd, we sille in

lyts bedrach krije om wat oan promoasje te dwaan

en in essay/opstel-priisfraach útskriuwe te kinnen.

En in twadde oanfraach is yntsjinne by de provinsje,

foar in budzjetsubsydzje oer mear jierren. Dat is

útsteld, dat giet pas yn 2006 yn. Deputearre Steaten

hawwe ús oanfraach yn har konsept-Kultuernota

honorearre, no mar ôfwachtsje oft Provinsjale

Steaten dêr yn meigean. Wy binne no dus noch ‘net

powered by Bertus’. Mar it is de provinsje dúdlik

wurden dat der belied komme moast foar ynternet

en literatuer. Mei dizze konseptnota rint Fryslân

lanlik foarop.

EB: De VVL hat in modelkontrakt makke foar publikaasjes

op ynternet. Hoe sille jim dêr mei omgean?

ADV: Wy binne net fan plan om foar elke ynstjoering in

kontrakt tekenje te litten. Wy sille tink ús

foarwaarden op de side sette.

AS: Ik tink dat der mei de subsydzjejouwers noch goed

oer praat wurde moat. In hiel soad dingen binne

gewoan oars as by in papieren tydskrift. By Farsk

giet it fansels net om in losse publikaasje, mar om

in literêr tydskrift dat ek noch folle faker as in

gewoan literêr tydskrift ferskynt. Fierder is it sa dat

it net wurket mei abonneminten, mar mei fergees

tagong foar eltsenien, ien fan de dingen dy’t it

ynternet no krekt sa nijsgjirrich meitsje. En yn it

gefal fan in publikaasje: hoe ferrekkenje jo saken as

in filmke meitsje, wat yn wêzen ek heart ta dizze

nije foarm. It wichtichste foar subsydzjejouwers is

om dernei te sjen as wat nijs, net as in tydskrift dat

op it ynternet set is. En dan is der noch it

probleem dat wy guon bydragen ek op papier

publisearje. Dat kin je net ienfâldich mei ien

kontrakt ôfdwaan.

EB: Dochs sil miskien de provinsje wol easken stelle, yn

ferbân mei it modelkontrakt. Is it wol sa’n foardiel om

aanst wol ‘powered by Bertus’ te wêzen?

ADV: Wa’t jild jout, mei dêr ek wat foar werom freegje, dat

is logysk. Yn ús oanfraach foar budzjetsubsydzje sit

in lyts honorarium foar in seleksje fan de bydragen

dy’t allinnich mar op ynternet publisearre wurde, dus net

yn de Farskskriften of it Farsk-jierboek. It produksjefûns

hat trouwens op dit terrein ek noch gjin belied.

EB: It liket dochs wol in probleem te wêzen by it finen fan kopij,

dat jim gjin jild oan de auteurs jaan kinne.

JB: Nee, dat is net sa. En as in bydrage goed genôch is, komt

dy yn it jierboek. Dêr krije se wol foar betelle.

Foar ‘Farskskrift’ ek. De drang om te publisearjen is

blykber grutter as noed om de sinteraasje.

ADV: Wy skriuwe sels ek in soad fansels. As wy dat net dienen,

soe it tydskrift de helte lytser wêze.

fiifde bedriuw

(V.1)

EB: Jim hâlde my in hiel optimistysk ferhaal foar. Binne jim sa

tefreden, of binne der noch ambysjes? Kinne jim bygelyks

mear eksperiminteare mei de foarm op ynternet?

ADV: Der moatte ek dichters wêze dy’t dat dwaan wolle.

AS: En it kostet de skriuwers folle mear tiid om mei

multymediale projekten te begjinnen. As redaksje moatst

boppedat ek de tiid fine om datsoarte fan dingen op it

net te krijen. Mar wy ha al hiel wat filmkes op de site

stean, fan Marc, fan Elmar Kuiper, Cornelis van der Wal

en Sytse Jansma.

MK: Der binne net sa’n soad skriuwers dy’t dy kombinaasje

sykje.

JB: Ik lies lêstendeis yn in stik dat der twa soarten fan

dichters binne, gewoan dyjingen dy’t op papier skriuwe

en dichters dy’t mei multymedia dwaande binne.

Proazaskriuwers hâlde harren net dwaande mei dy

multymedia.

AS: Moatst it minsken ek net opdringe.

ADV: Mar multymedialiteit is wol wichtich foar ús. Neist de

ambysje fan it fergrutsjen fan de ynteraktiviteit. It

belangrykste is lykwols de djipgong yn de gaten hâlde.

Sommige rubriken skaaie wat nei literêre ferdivedaasje.

Dat heart der fansels by, mar by in twawyklikse

ferskining moatst echt op syk bliuwe nei djipgong, want

oars...

JB: Oars draaist te gau op rûtine. Dêrom kin alles ek net oer

de mail regele wurde. Dêrom moatte wy sa no en dan

byelkoar komme. Dan besykje wy nije ûnderwerpen te

betinken, nije plannen te meitsjen, elkoar skerp te

hâlden.

ADV: En wy dogge aardich wat oan redaksjonele begelieding.

Dêr giet in soad tiid yn sitten, mar dan kinne wy talint

nei ús talûke.

doek

52

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!