13.05.2013 Views

de Moanne

de Moanne

de Moanne

SHOW MORE
SHOW LESS

You also want an ePaper? Increase the reach of your titles

YUMPU automatically turns print PDFs into web optimized ePapers that Google loves.

41

nei Kikkerjaren – seach ik de oplossing. Ik koe de ‘brieven’

yntusken objektyf besjen. Foardat ik begûn te skriuwen, haw ik

trije brieveboeken lêzen: Oriana Fallaci’s Brief aan een nooit

geboren kind, fan Ischa Meijer Brief aan mijn moeder en fan Vaclav

Havel Brieven aan Olga, syn leafste. Ik moast wat yn de sfear fan

brieven komme.

Ik woe in roman skriuwe sa’t ik noch net earder dien hie – kwa

foarm èn kwa ynhâld. Tinkend oan dy foarm fûn ik in ik-roman

te tichtby, ek te klisjeemjittich en foaral mei te min mooglikheden

foar de ferteller. Ik moast tefoaren komme dat ik spesjaal yn dizze

sitewaasje myn ‘ik’ identifisearje soe mei de ‘ik’ yn de roman. It

materiaal dat der lei woe ik allinne as basisynformaasje brûke.

Kearnpunten dy’t ek al yn dy brieven sieten moasten wurde:

a. de eksistinsjele iensumheid fan de mins (ek yn syn relaasjes);

b.de erotyk as grutte ynspirator èn ferneatiger;

c. de dea (c.q. de selsmoard sa’t Albert Camus dy oan de oarder

steld hat);

d.de leafde sa’t Jacques Prévert dy bygelyks yn ‘Les Feuilles Mortes’

beskreaun hat en troch Juliette Gréco magysk songen is;

e. de universele pine (konkreet + abstrakt) dêr’t it minsklik bestean

mei anneks is.

Voilà, yngrediïnten genôch, en allegearre relatearre oan de frou

dy’t stoarn wie, mar ek oan al dy oaren (leafdes, ik neam se de

Anna’s yn myn boek) dy’t ferdwûn wiene – noch as ikeblêden yn

de loft sweefden.

Yn it kolofon stiet dat it nije boek ‘basearre is op fiksjonele brieven

oan in ferstoarne mem’. Wêrom hast it dan net by dy brieven litten?

de Moanne numer 8 oktober 2004

Feuilles mortes is no in frijwat komplekse roman wurden, sterk

fragmintearre, mar der steane ek prachtige, hiel tagonklike en

oangripende siden tekst yn, wêrfan’t ik tink dat it restanten fan

brieven binne. Kaam it boek te tichtby?

De brieven oan de ferstoarne mem bestienen noch, mar yn in

foarm dyst it beste as ‘in statu nascendi’ omskriuwe kinst.

Abortearjen wie noch mooglik, en it libben jaan soe noch heel

wat tiid freegje. De brieven bestienen út heale pagina’s,

fragminten, dreamen, soms in fel of fjouwer assosjaasjes, ek wol

gjalpen en meditaasjes. Fragen benammen, en koarte oantekens.

It gefaar fan sokke iendiminsjonale epistels is dat se te larmoyant

wêze kinne, te sentiminteel, tefolle bûn oan de anekdoate. Hast

mei sokke skriuwsels noch gjin mearsinnige literatuer of in

universeel jildend ferhaal. De realiteit dy’t noait optocht wêze kin,

moat ferfoarme wurde nei ien fan de mooglike realiteiten. Oriana

Fallaci hat dat manjefyk dien, hoewol’t se soms op ’e râne fan it

sentimintele balansearret. Ischa Meijer is it net slagge, omdat hy

stykjen bleaun is yn in ‘ôfrekkening’, in debat mei himsels.

Sadree’t it te tichtby kaam, yndied, wist ik dat ik fout siet. Ik

ûntwikkele doe it idee om út trije perspektiven wei – in DO, in

IK en in HY – de Feuilles Mortes (letterlik ‘dorre bladeren’) te

beskriuwen. Yn it begjin fan dit jier lies ik earne wat oer de foarm

fan de roman Menuet fan Louis Paul Boon. De

trijehoeksferhâlding fan in arbeider, syn frou en in famke fertelt

Boon út trije perspektiven wei, achter elkoar. De lêzer telt nei it

lêzen de fisys op en hat in geweldige roman yn hannen. Mines is

oars, mar ek by myn roman spylje trije perspektiven in rol yn in

identike wrâld (trije manlju en ‘de Anna’s’). Ik haw se net achter

elkoar ôfprinte, want dêrfoar rinne yn myn roman de feiten en de

barrens tefolle njonken- en trochelkoar, inselde sitewaasje yn in

oar perspektyf.

Uteinlik haw ik de teksten sa byslipe datst se as lêzer ek fertikaal

lêze kinst. Kinst dus bygelyks earst alle do-paragrafen lêze, dy’t it

perspektyf jouwe fan in man dy’t him weromlutsen hat út de

wrâld en witte wol hoe ticht jo by de stilte komme kinne sûnder

selsmoard te pleegjen. Krijst yn dat part sicht op de striid fan de

ivich sykjende mins om leafde en kontakt – ek personifiearre yn

dy himsels bûten de maatskippij settende ienling (de keunstner?).

De kliber pikt dat net.

Dêrnei kinst alle ik-paragrafen lêze, dy’t besykje om in libben te

rekonstruearjen (te restaurearjen) dêr’t alle fuotprinten (papieren,

foto’s, deiboeken, skriuwsels en oare dokuminten) fan ferneatige

binne. Sûnder ferline bist in iendeisflinter wurden, witst net

wêrsto wei komst en dêrtroch ek net wêrsto hinne giest. Bist in

objekt wurden, ynwikselber foar in oar objekt.

It perspektyf fan dy siden leit dus yn in oare beneiering fan it

weromtoverjen fan de ferlerne, ferline tiid. It stribjen fan in Sisyphus

eins, want in ‘feuille morte’ (in ferlern libben/ferlerne leafde) kin op

syn heechst noch fia papieren, literatuer, brieven ta libben roppen

Trotwaer

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!