13.05.2013 Views

de Moanne

de Moanne

de Moanne

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

55

wier west hie, want dan hie it in sinleas ûndernimmen west. Ik

moast it wol leauwe nei de tekening fan ’e galge mei Sal deroan

krekt op it stuit dat dy by de spesjalist bedarre wie, nei’t er in

sniebal mei in skerf deryn yn ’t each krigen hie (allegearre krekt sa

bard as beskreaun, al hie de glêsskerf in potskerf wêze kinnen

(Wtlh., s. 62). Dêrom is dy sêne ek wiidweidich beskreaun en in

dramatysk hichtepunt út it boek.

Trochdat Wadman net leaut dat plat en dom antysemitisme

yn ’e brêgeklasse foarkomme kin, hinget syn krityk op it moderne

part fan it boek nochal yn ’e loft. Sa kin er maklik krityk ha op it

klassepetear. In part dêrfan is bûn oan ’e tematyk (bygelyks eagen

iepen of ticht ha ûnder it bidden, Wtlh., s. 176), mar de rest fan

it haadstik is sa út ’e realiteit wei skreaun.

It model fan ’e beskreaune skoalle bestie ek yn ’e realiteit.

Myn jongste soan siet derop. Sels joech ik dêr gjin les, mar ik haw

myn alter ego, Eeltsje de Vries, dêr yn it boek wol foar de klasse

set, om’t ik dy figuer net bûten of boppe it gefal sette woe.

De relaasje famylje De Vries-famylje Kingma is ek út it model

wei skreaun. In skriuwer moat wol in hiele grutte tûme ha as er

dat allegear betinkt. It kastiel wie yn it model like reëel, al stie it

fansels op in oar plak.

It belibjen fan ’e realiteit achter it ‘moderne’ part fan it ferhaal

wie wol sa grut as dat achter it ‘ferline’, om’t de skriuwer it

bewuster en mear reëel meimakke hat.

Letter krige ik de yndruk dat Wadman sels, al bleau it foar

him in rommelich boek, dochs wat fan syn krityk weromkaam:

‘Dochs in boek om mei te nimmen’ (sjoch Leeuwarder Courant, 3

novimber 1989).

Der is dus yn it boek frijwat mytologisearre. Dat moat altyd

yn fiktyf proaza, oars soe der gjin ferskil wêze tusken in

wittenskiplike ferhanneling en literatuer. Sa haw ik sawol fan

Deef as fan Doede Haaies supermannen makke, dy’t yntellektueel

withoefier boppe de gewoane minsken útkipen. No is it in

bekend feit dat ûnder joaden, benammen wat de pater familias

oanbelanget, wol fan dy supermannen foarkomme, lju dy’t sawol

praktysk (itensiede, fioelspylje, timmerje, technysk, túnkje,

buorkje, saken dwaan) as teoretysk (yntellektueel, wittenskiplik,

histoarysk, literêr ensfh.) tige bejeftige binne. Fan it model fan

Doede Haaies wie bekend dat er in libbene ensyklopedy wie en

hy koe ek einleas folksferhalen fertelle. Dat ik dy figueren wat

útfergrutte haw (hoewol net iens sa bot) komt troch it tema, dat

de fûnemintele kar yn ’e oarloch net beskaat waard troch

bejeftigens en yntellektualisme. Yn Dútslân waard praktysk de

hiele yntellektuele elite (de universiteiten mei nammen as

Heidegger en Jung) beynfloede troch Hitler syn antysemitisme.

Itselde gou foar de elite fan ’e tsjerken, sawol de roomsk-katolike

tsjerke as de protestanten. Sels de Bekennende Kirche mei û.o.

Dietrich Bonhoeffer, hoe anty-nazy dy ek wie, wie anty-joadsk

(sjoch Saul Friedländer, Nazi-Duitsland en de Joden, dêryn

haadstik 2 ‘Instemmende elites, bedreigde elites’, s. 60-94). Sjoch

yn dit ferbân ek de opmerking fan de frou fan Doede Haaies,

Jildou: ‘Doede is hiel knap fansels, mar soenen der yn dat grutte

Dútslân net noch folle knappere koppen wêze, dy’t wol achter

Hitler steane? Hoe lyts is Fryslân en hoe lyts binne wy?’ (s. 172).

de Moanne numer 8 oktober 2004

Fan ’e ‘denktank’ (om in moderne term te brûken) fan ’e

Fryske beweging fan dy tiid hat mar in hiele lytse minderheid

tsjin ’e nazys warskôge en oft dat op grûn fan it antysemitisme

wie, is tige de fraach.

Yn de tematyk fan De Wuttelhaven del stiet fan ’e Twadde

Wrâldoarloch de joademoard sintraal as reëel en dochs hast

metafysysk barren. Hoe’t NSB-bern dy gigantyske moard earst

ûnbewust, letter heal- en dan oerbewust skôgje en belibje, foarmet

mei de ynhâld fan it boek. Ik leau net dat it mooglik is dat de

skriuwer sa’n ûnbegryplike problematyk ta in oplossing bringe

moat. As Wadman opmerkt dat De Jong ‘tefolle wold hat’, kin ik

dat weromkeatse mei: hat de kritikus ek tefolle fan ’e skriuwer

wold. Dat in boek mear fragen opropt as oplost, hoecht foar de

wearde net slim te wêzen.

Nijsgjirrich is de konklúzje fan Wadman: ‘De skriuwer hie der

tinkt my better oan dien en hâld it ferslach fan Doede Haaies syn

problematysk bestean op ierde apart fan syn eigen bestean (sic,

St.); dizze roman bestiet einliks út twa romans en dy twa kinne

elkoar net earlik daaie, nee sterker noch; se stean elkoar yn ’e wei,

se steane elkoar nei it libben.’

Wadman hat dat lêste hiel skerp sjoen, want it is krekt it

libbensgefoel fan Eeltsje. In oarloch is mear as in

fuotbalwedstriid; yn in oarloch giet it om libben en dea en dy

oarloch giet troch yn Eeltsje syn brein. Wadman bedoelt syn

konklúzje negatyf, mar it giet, sa’t yn haadstik 13, ‘De geheime

sûnde’, útienset wurdt, om de barst yn Eeltsje syn bestean. Eeltsje

moat kieze, net tusken pro- en anty-Dútsk, dat is gjin punt, wol

tusken opa en syn heit. Oan ’e iene kant syn deistige plicht, syn

learaarskip, it gewoane, oan ’e oare kant syn dichterskip, Fryslân,

it ûngewoane, mei as ynspirator dy heit mei syn kriminele

oarlochseftergrûn. Eeltsje komt der net út, bliuwt yn ’e twivel

hingjen en lit de oplossing oan ’e lêzer oer. Ik sjoch yn sa’n

haadtema (sjoch ek Doeke Sijens yn Trotwaer, 1989, 5, s. 266-

269 en it sjueryrapport fan ’e GJ-priis 1992, Trotwaer, 1992, 6, s.

223-228) gjin beswier. It is it ferskil tusken ien dy’t de realiteit

beskriuwe wol en ferklearje (realist, naturalist, psycholooch, b.g.

Wadman) en ien dy’t de realiteit beswarre wol omdat dy him

oermânsk is (b.g. Jan Wolkers, Willem Frederik Hermans, Gerard

Reve).

Ik hoopje dat dit net al te lytsgeastich as antykrityk opfette

wurde sil, mar wol as in besykjen om ûnderskate fisys dúdlik te

meitsjen.

De literêre wearde fan Wadman syn kritiken sit benammen yn

it feit dat it lêzen fan literatuer foar Wadman altyd in aventoer

wie. Ik leau net dat er fan tefoaren in oardiel klear hie, mar al

skriuwend kaam er ta in konklúzje.

* Dit is in fragmint út it haadstik ‘De kritiken fan Wadman’ út

myn stúdzje oer dr. Anne Wadman. Ik ferwiis hjir nei twa stikken

fan Wadman oer myn roman De Wuttelhaven del: ‘Famyljeroman

mei oanplakte kibboets en Frysk en frij’ yn Frysk en Frij fan 8

april 1989 en ‘Roman as lispuzzel’ yn Frysk en Frij fan 15 april

1989.

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!