13.05.2013 Views

de Moanne

de Moanne

de Moanne

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

Wuttelhaven del te behanneljen (sjoch Frysk en Frij, 8 en 15 april

1989).

Behalven dat Wadman in oare fisy hat, hat er ek oare reserves

foar it boek oer. Wadman heart by de generaasje dy’t tige bewust

‘De Twadde Wrâldoarloch’ oan ’e lea ûnderfûn hat. De

oarlochsperioade wie in tiid wêryn’t de problematyk goed/fout

bûten kiif stie, bûten kiif stean moast. Elk besykjen om dy

problematyk te nuansearjen wie al fertocht. Wadman frezet dan

ek dat it boek troch de dingen út it ferline problemen oproppe sil.

Ik tink dat dy freze ek foar in part de krityk fan Wadman beskaat

hat, benammen as er it hat oer de kibboets as in skermskyld. Hy

beskriuwt frij posityf de dingen út it ferline dy’t yn it boek oan ’e

oarder komme: ‘It past allegear wol aardich yn it ramt fan it

gehiel, foarsafier’t dat in tiidsbyld fan de jierren, lit ús sizze 1935-

1947 jaan wol. Al mist der ek in soad.’

Dat wat der mist, hie ik no graach wite wollen, om’t de

kritikus even letter seit dat ik tefolle wold haw.

Wadman leaut net yn ‘it moderne part fan it ferhaal’ (de

kibboets yn de Slotmakkerstrjitte, Deef, Betsy, de diskriminaasje

ensfh.). Hy past dêr syn werklikheidsargumint op ta. Neffens him

soe de skriuwer ex nihilo moadeferskynsels kreëarje. By Wadman

giet it om: is it wier of net wier? Net wier dus. Jan Wybenga folge

as generaasjegenoat Wadman dêryn (sjoch ‘De gelde sier fan

gipsen ornaminten’, Leeuwarder Courant, 21 april 1989). Soms ha

ik wol it idee dat beide kritisy út foarsichtichheid sa negatyf

oardielden, miskien mei de bedoeling om de skriuwer te sparjen.

No kin it oan myn skriuwen lizze dat guont (Wadman en

Wybenga dus, mar nei’t ik ûnderfûn ha ek gâns oaren) it moderne

part net leauwe. It giet der ommers net om oft it ferhaal wier is of

net, mar oft it wier makke wurdt, foar de lêzer alteast. ‘De

wierheid of werklikheid (wat is it ferskil?) is te kranksinnich om

te beskriuwen’, seit Eeltsje earne Gerard Reve nei (De Wuttelhaven

del, s. 125). Gâns aspekten fan ’e werklikheid binne ûnbegryplik

en dochs moat men dêr in byld fan hawwe, bygelyks de ierde is

plat (foar 1500?) of de ierde is rûn (nei dy tiid). Mei oare wurden:

de minske moat de realiteit beswarre. In skriuwer moat dat dus

ek. Dêrom skept er in epyske wrâld nei syn byld en gelikenis,

dêr’t faken gefoel, yntuysje, ynstinkt en oare yrrasjonele

fermogens in gruttere rol by spylje as de rede. De fiktive skriuwer

is bewust oan it mytologisearjen, sawol yn negative as yn positive

sin. Om in foarbyld te neamen: Doede Haaies en Jildou ferriede

op in bepaald stuit in ûnderdûker út ’e strjitte (Wtlh. s. 236-239)

by de famylje Heubels. Gefolch: mear as tweintich deaden. Dochs

soarge letter dyselde famylje Heubels derfoar dat Doede yn it

kamp gjin swier wurk hoegde te dwaan, sadat er in boek skriuwe

koe. Al wier yn it werklikheidsmodel is it ferried en ek de soarch

fan ’e famylje Heubels, net wier de tweintich deaden (Wtlh., s.

239). Wêrom dy fertekening? Ik wie deabenaud dat it byld fan

Doede te posityf waard, sadat it hiele boek mislearje soe.

Yn it foaropwurd fan De Wuttelhaven del stiet ek: De skriuwer

makket fan in hoer in madonna en oarsom. It byld (de myte) hat

syn eigen wetten en dy moatte klopje. Dêrom moat de skriuwer

syn model(len) losmeitsje fan ’e werklikheid om se frij behannelje

te kinnen. Fan in geef minske moat er in krimineel meitsje kinne

en oarsom, mar wol moat er yn dat ligen him hâlde oan tige

krekte etyske wetten dy’t syn skriuwerij him stelt. Sûnder in suver

gewisse mei er net skriuwe. In paradoksale

werklikheidsproblematyk dus.

Frjemd is dat Wadman net falt oer it begjin fan it boek,

wêryn’t de ierde ophâldt fan draaien of sels de oare kant útdraait

en it giet oer de neare nacht fan ’e ferljochting, in romantyske

oanfal op it rasjonalisme dus.

It bewiist mar wer dat in skriuwer noait 100% is wat in

teoretikus tinkt. Wadman is net 100% realist, likemin as ik 100%

romantikus bin. It giet om tendinzen, nuansearringen (men kin

dêr noait genôch de klam op lizze) en yn dit gefal om de safolste

tapassing troch Wadman fan syn (wat Rein Smilde neamt)

realiteitsôfspegelingsargumint (sjoch Wadman-nûmer Trotwaer,

1989, 6, s. 300-316).

Ut syn kritiken docht bliken dat Wadman soms it

wiermeitsjen troch de skriuwer wichtiger achtet as de wierheid

sels (sjoch de krityk op Hessel Ypma yn Kritysk konfoai, s. 99). Yn

syn krityk op it moderne part (om it samar te neamen) fan De

Wuttelhaven del sprekt Wadman fan in ‘te neidruklike

konfrontaasje fan hjoed en ferline’ en dêrtroch komt neffens him

it realiteitsgehalte yn gefaar. No giet it om de foarbylden dy’t er

neamt en de realiteitsarguminten dy’t er dêrby op it aljemint

bringt.

Wadman skriuwt: ‘Yn dat ferhaal hat er (= de skriuwer)

besocht in soarte fan neo-antysemitisme te sinjalearjen troch yn in

brêgeklasse (bern fan alve, tolve jier!) twa joadse bern, Sal en

Tamar, te pleatsen dy’t om nochal ûndúdlik bliuwende redenen -

se kippe der yntellektueel wat út en hawwe aardich wat earsucht -

narre en terge wurde, en dy’t om gelikense ûndúdlike redenen

troch in part fan ’e learaars ta de skoalle út winske wurde.’

Yn ’t foarste plak, wat dy ‘ûndúdlike redenen’ oanbelanget: by

diskriminaasje hat men altyd mei ûndúdlike redenen te krijen,

oars is it gjin diskriminaasje (Koenen: ongeoorloofd onderscheid

maken). It skokkende wie fansels dat de ûndúdlike reden ‘it binne

joaden’ wie. Fierder leaude Wadman net dat bern fan alve-tolve

jier (brêgeklasseleeftyd) diskriminearje kinne. Dat docht bliken út

it útropteken dat er set. In frjemde opfetting foar in

ûnderwiisman. Miskien wie Wadman yn dy tiid al te lang

ferfrjemde fan ’e praktyk yn ’e brêgeklasse om dêr noch yn leauwe

te kinnen.

Hoe dan ek, beide arguminten hawwe neat mei it

wiermeitsjen fan it ferhaal troch de skriuwer te krijen, mar wol

mei de frage: wêr leaut de kritikus yn.

Oer it model kin ik allinne mar sizze dat de realiteit yn

haadsaken krekt sa wie as beskreaun. Lykwols, al is wat er belibbet

(it model) noch sa wier, it feit bliuwt dat de skriuwer it foar de

lêzer wiermeitsje moat. Elke skriuwer wyt dat it soms net tafalt

om in stikje realiteit, dêr’t er sels de rezjy fan yn hannen hat,

boeiend en dúdlik oer te bringen. Dat haw ik tige bewust

besocht. It foardiel wie dat ik it ferhaal earst sels net leauwe woe.

Yn ’e werklikheid seach ik tefolle tafallichheden en

ûndúdlikheden, wylst ik dêrachter it gefoel hie: dit doocht net,

dit doocht lang net. Ik hie it boek net skreaun as it ferhaal net

54

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!