13.05.2013 Views

de Moanne

de Moanne

de Moanne

SHOW MORE
SHOW LESS

You also want an ePaper? Increase the reach of your titles

YUMPU automatically turns print PDFs into web optimized ePapers that Google loves.

49

de Moanne numer 8 oktober 2004

Doe’t Arjen mei Pieter, dy’t omtrint koartwjokke wie, wer nei De Trijesprong koe,

like alles úttjirge. Ut de fierte hie te sjen west dat yn de seal noch ljocht baarnde. Mar

foaryn wie op de sealhâlder nei – ‘Der moat wol eefkes oer de sinteraasje praat wurde’ –

gjin mins mear te bekennen, dat se namen de achteryngong; dêr waard al skjinmakke.

No even net, asjeblyft. Hy wie tenein, alles by alles. Moast oan har tinke.

‘Ik wol dy stomme graach nochris sjen’, hie er útbrocht.

‘Dêr bin ik oars net op út, mar we sjogge wol, ju. Ik fyn dy wier in aardige jonge, mar

dy moetsje ik wol mear, ik bliuw leaver wat frij, gewoan freonen, begrypst?’

‘Okee dan’, besleat hy stoer, mar op syn pik trape.

Hy woe it slachfjild noch even oersjen. De oare trije soenen aansen ek wol ferskine.

Hy rûn nei achter it poadium. De bierlucht wie yn de tsjustere gloppe ferkrongen troch

sjipsop. It plestik hong der kreazer by. De skynwerpers op it poadium wienen oan. It

earste dat him opfoel wie dat Jitse syn Fender wer sa’t it heart op de stander stie. En doe

it twadde.

Ja, it twadde. Wat kin, mei of moat dêr eins oer sein wurde, sûnder bot sear te

dwaan. Dit dan? Jitse stie op it poadium. It ljocht, it figuer en it gerdyn: it wurke as in

wajang-spul.

Goed, Goaitsen skynde der ek om te spanen.

Mar Jitse, dy stie gewoan te frijen! Gewoan? Op it póadium, net derachter, nee, óp it

poadium! Soks docht in artyst net! Sels in popartyst net. Les ien: men mei de beest

úthingje op it poadium, groupies meinimme okee, mar frije, presizer: seks hawwe, dat is

oer de top, tsjin elke koade.

En wat beried hy? Wat yn seal en doarp oerbleaun wie kaam út Raerd, fijannich gebiet,

de iene helt jage op ús en de oare helt hie even neat om hannen. Wa’t fatsoen en

prinsipes hie, wie al fuort of sprong dertusken. Myn God, it dwaan mei de tsjinpartij,

in NSB-hoer!

It oare silhûet, wat krije we no, dat wie dochs wol in fróuspersoan, naam hy oan?

Trotwaer

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!