It spoar werom Begjin jannewaris 2005 sil in blomlêzing út de poëzij fan Douwe Hermans Kiestra by útjouwerij Frysk en Frij ferskine. Mei in ynlieding fan Abe de Vries, ek te finen op it literêre ynternettydskrift Farsk. En no lês ik krekt dat papieren suster Hjir op 21 novimber in spesjaal nûmer útbringt oer de dichter Kiestra, dat dy middeis yn syn berteplak Poppenwier presintearre wurdt. Der steane dan ferskate bydragen oer Kiestra en syn wurk op it program. De middeis sil der ek in kuier wêze dy’t yn it teken fan Kiestra en syn ferline yn de Legeaën stiet! It muoit my tige dat ik dêr net bywêzich wêze kin; ik hie stomme graach nei de bydragen harke (mar ja, ik ha fier fan tefoaren alles yn it wurk steld om krekt dy middei mei noch 15.000 fanaten oer de Zevenheuvelenweg by Nijmegen te draven). As soan fan de Legeaën wol ik lykwols de Kiestra-kuier meitsje en dat doch ik troch der hjir in heechst persoanlike slinger oan te jaan. Douwe Kiestra is, neffens it parseberjocht, mei Obe Postma de wichtichste Fryske dichter fan foar de poëzij-fernijingsweach yn de fyftiger jierren. Wat krige ik as babyboomer yn ‘it gewoane libben’ no eins mei fan dy Kiestra? Myn earste oantinken oan Kiestra is dy fan sjongboeken op de piano. Ik móást fan myn âlden in pear kear yn ’e wike foar pianoles oefenje. Sy hienen noch net troch wat de juf, dy’t ien kear yn ’e wike mei in sucht nêst my sitten gong, allang wist: dit is in ferlerne saak. Op de piano yn de pronkkeamer leinen faak noch de repetysje-eksimplaren fan it sjongspul dat ús mem ynoefene mei de fine fleur op dat mêd út de doarpen Sibrandabuorren, Tersoal en Poppenwier. Tekstskriuwer, arranzjeur en regisseur: D.H. Kiestra! Elke kear as ik dy drege noaten ûnder ynfryske wurden seach, sakke de moed my fierder yn ’e skuon. Sa waard Kiestra foar my in kulminaasjepunt fan frustraasje. Wêr’t dy stikken oer gienen, ik soe it net mear witte. Sil ik it mem nochris freegje? Yn elk gefal: ien fan de suksesnûmers gong oer in priiswinnende bolle (‘simmersoan’), nei letter bliek in allegory fansels. By ús yn ’e finne stie letter in bolle mei deselde goedfryske namme; wat moast ik dêr as teenager no wer fan fine? Begûn dêr wifeljend de skamte? Wat oars wol wer moai wie: hy gong mei syn team út te spyljen, soms oan oare kant Ljouwert ta! Stel je foar: jins mem dy’t jûns yn Stiens it applaus yn ûntfangst nimt, wa soe dêr as bern net grutsk op wêze? Kiestra wenne yn de tiid dy’t my it bêst heucht op de Grutte Wierren, oan ’e Brekken, in moai ein bûten it doarp, it fjild yn, de kant út fan de Snitsermar. Dêr sil de Hjir-kuier ankom novimber net oan takomme, mei al dy swier smokende kultuerdragers. Mar wy doarpsjonges wol! Wy kamen dêr geregeld. Mar net by de dichter Kiestra, wat hienen we dêr te sykjen, dat wie mar saai. Nee, op de iennige oare pleats op de Wierren wennen ek Kiestra’s en dyen hiene jonges yn ús leeftyd. It folk op beide pleatsen wie famylje fan mekoar en se brûkten bouke van der hem itselde lange paad, mar elkenien wist dat se net mei mekoar praten. Doe’t de iene pleats yn novimber ’56 yn ’e fik fleach en it fee rêden wurde en teplak moast, hat Douwe Hermans syn buorman help oanbean, mar dêr is mei skodholjen foar betanke, kin je begripe! Wy hienen fansels foar soks gjin omtinken, sieten yn noed oer ús skoalkammeraten. Evengoed hie elkenien wol troch dat it noait oan Douwe Hermans lizze koe. Op deselde grûn buorkje, itselde bloed yn d’ ieren hawwe, mar nét mei mekoar prate oer wat bynt of skiedt? In oar skouderje ynstee fan helpe? Dat hearde abslút net by syn persoan! Frjemd eins dat de lju him sa frijpleiten, omdat it tagelyk elkenien noch lang net fergetten wie dat er foar en ek noch ?n de oarloch fout west hie. Dat wisten wy as bern sels. Hie er dêrnei ommers net sitten? Ja, dêrom just: hy hie sitten, dat wie al in korreksje op himsels. En fierder: hy hie it foute fan syn kollaboraasje ynsjoen, tajûn en der noch lang danich mei ompakt. Wie it net sa dat er dêr wat oer skreau? Net dat it doarp soks út himsels líes, mar it mérke wie genôch. En wat seker foar him pleite: hy hie gjin ûnderdûker of fersetsman ferret, sterker noch: der gongen ferhalen dat er sokken hólpen hie, yn dieden en mei wurden. De genede en segen fan it folk foar de dichter/boer wie der dus rillegau. Dêr droech noch in oare omstannichheid ta by, troch Abe de Vries yn syn resinte ynlieding werjûn mei in lakonyk sitaat fan in fersetsman: ‘Jo moatte begripe, hy wie net echt pro-Dúts. Hy wie foar Grut-Fryslân. (...) In protte pachtboeren hjir yn ’e Legeaën hienen ynearsten wol sympaty foar Dútslân. Dy hienen it net sa op Hollân stean.’ Ut sa’n gesin kaam ik. De âld boer mocht dan gau wer oer de buorren kinne, de goeie kant ferjoech him en de ferkearde kant begriep him. Der wienen lykwols útsûnderingen. It rêste litte jilde yn it foarste plak net foar guon literêre en histoaryske fermiddens. Logysk, want syn fouten hienen fral bestien út dieden op papier en dy wienen slim genôch. Mar wa yn it doarp registrearre sokke yntellektuele neiskokken? De lytse doarpsmienskip wie mei mekoar allang wer fierder; lykas sein: net fergetten, wol ferjûn. Mar dat lêste jilde ek wer net foar allegear. Net foar my bygelyks. Frjemd eins, wat hat Kiestra sa’n puber dan misdien? Wat lies ik as doarpsjonkje? Eins neat. Ja, Kiestra syn Sinne op ’e striesek, makke doe’t er ynternearre siet, lei by ús yn ’t kammenet. De kear dat ik it besocht te lêzen, sil ik der wat goeds noch wat fouts úthelle ha. Wat opfoel: der wienen mei poatlead ferbetterings yn oanbrocht. En fierders wiisden myn âlden mekoar út en troch op in gedicht fan Douwe Hermans yn it lânboublêd Bolwerk. It spruts my totaal net oan, al dy arkadyske sênes út it boerelibben. Hy wist ek wol dat er atypysk wie: ‘reebokkeboer fan in frijmansstee’ neamde er himsels. Hy sette de bylden mei foarse pinseelstreken yn syn gedichten. Dat wol Legeaënsters wol oan: as er yn 26
27 de Moanne numer 8 oktober 2004
- Page 1 and 2: de Moanne algemien-kultureel opinyb
- Page 3 and 4: ‘Fanôf 1992 wenje ik elts jier i
- Page 5 and 6: 5 de Moanne numer 8 oktober 2004
- Page 7 and 8: 7 Lit it slachtoffer net allinne Al
- Page 9 and 10: 9 h.p. linthorst-homan, eartiids ko
- Page 11 and 12: 11 ra van der hoek & janni dekker d
- Page 13 and 14: 13 nazar betsjut: sjen, ynsjoch, re
- Page 15 and 16: 15 lykwols teksten oanbrocht dy’t
- Page 17 and 18: 17 huub mous de Moanne numer 8 okto
- Page 19 and 20: 19 een eeuwige interim, overal thui
- Page 21 and 22: 21 Kultuer út 2001. Dêr is yn fê
- Page 23 and 24: 23 och sa posityf oer de ‘ethisch
- Page 25: 25 oplieding yn hiel oar wurk bedar
- Page 29 and 30: 29 literer tydskrift sunt 1969 Trot
- Page 31 and 32: 2. Tiid op ’e kop, ’97 en it is
- Page 33 and 34: de opskriften Blaujend beamte, druv
- Page 35 and 36: libben, de dea, har begjinnen sei,
- Page 37 and 38: 37 de Moanne numer 8 oktober 2004 T
- Page 39 and 40: 39 de Moanne numer 8 oktober 2004 J
- Page 41 and 42: 41 nei Kikkerjaren - seach ik de op
- Page 43 and 44: 43 It libben liket hast ien ‘écr
- Page 45 and 46: 45 de Moanne numer 8 oktober 2004 P
- Page 47 and 48: 47 de Moanne numer 8 oktober 2004 T
- Page 49 and 50: 49 de Moanne numer 8 oktober 2004 D
- Page 51 and 52: 51 JB: Minsken reageare faak op har
- Page 53 and 54: 53 In persoanlike Anne Wadman wie i
- Page 55 and 56: 55 wier west hie, want dan hie it i