13.05.2013 Views

de Moanne

de Moanne

de Moanne

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

43

It libben liket hast ien ‘écriture automatique’. Fansels, alles is

moai regele, soms dea-organisearre; mar men hoecht mar ien wike

nei de sjoernaals fan wat lannen te sjen, of ûnderskate kranten te

lêzen, en jo merkbite de grutste gaos. Realiteit, teater, wierheden,

boeken, films, feiten, mieningen, ferbylding en konkrete barrens

rinne trochinoar. Wy libje no, juster en moarn.

Bylden produsearje tsjinbylden, de foarsisberheid oer it libben is

noch allinne in statistyske tekening. It ûnderbewuste (ek mei help

fan middels) krijt kânsen dy’t it noait earder hân hat. De

surrealisten gongen ús foar, mar koene hjir net iens fan dreame.

Ast seist dat alles trochelkoar hinne rint – yn de roman – dan

hast foar in part gelyk. Mar it is wol in stjoerd konsept, in

manipulaasje troch de skriuwer. It is in manipulaasje dy’t fan in

searje teksten in roman makket, omdat it in keunstwurk wurden

is. Allinne dizze skriuwer koe op dit eagenblik dit wurkstik

meitsje. Gewoane manipulaasjes (yn de polityk, it libben) kinne

troch mear minsken opsetten wurde. De manipulearre wrâld fan

de roman is in spegel, mar tagelyk it plak dêr’t saken bewarre

bliuwe - emoasjes, oandwanings en ûnderfiningen fan minsken yn

in bepaalde tiid.

In roman anno 2004 is allinne dêrtroch al in oaren-ien as dy fan

fyftich jier lyn. De romanwrâld hjoed de dei is in ôfspegeling fan

de minske yn dy wrâld – gaoatysk, leech soms, ûntminsklikjend

en ferfrjemdzjend. Yn dat geheel fan de romanwrâld wurde ek

saken bewarre dy’t noch wat hâldfêst jouwe en útsicht op

mooglikheden – djippe leafdes, oandwaanlike kontakten en út en

troch in snipper fan de sin fan it bestean. Keunst jout fragen, gjin

antwurden. Dat diene de âlde Griken al mei har drama’s. No

wurde der oare drama’s skreaun, mar yn essinsje ha se mei-elkoar

te krijen.

It is in iepen boek, om net te sizzen in postmodernistysk boek. Mar

oan de oare kant wol de ferteller ek in ferhaal ‘rekonstruearje’ of

‘restaurearje’, de myte fan it ferline weromfine, de gaos foarmjaan.

Der besteane ek hiel eksplisite oerienkomsten tusken de ferskate

ferhalen en famyljes. Krekt dat aspekt makket it wer in modernistysk

boek. Is dat de striid fan Josse, de skriuwer?

It ferskil tusken modernistysk en postmodernistysk kinst net op

in skaal weagje, want hast gjin gewichten. Yn postmodernistyske

wurken wurdt ek stjoerd en foaral ek konstruearre. Yn in

postmodernistysk wurk wurde grinzen dizeniger, meidat de

persoanen en ûnderwerpen ynelkoar floeie. De skriuwer, de

ferteller en de haadpersoanen binne net ‘tabulas rasa’, se

manipulearje de ferhaallinen. Soms ûntstiet sa’n line al skriuwend,

ûnbewust as in ‘écriture automatique’.

Yn dizze roman wurdt wol in meganisme trochbrutsen, wêrmei’t

ek wat sein wurdt oer de striid fan dizze skriuwer. Skriuwers

(keunstners) sitte soms mei hûd en hier yn in roman (wurkstik),

net mei opsetsin, it bart gewoan! It is it ymplisite engaazjemint

de Moanne numer 8 oktober 2004

mei it keunstwurk en kin in bewiisstik wêze foar echt of ûnecht,

keunst of kitsch. It keunstwurk is foar my de legitimaasje fan it

bestean.

Yn de parallelly sjogge jo ek de kontrasten – de oer-Anna en dy

oare mem, de ik-figuer yn syn oantinkens en dy oare soan, guon

Anna’s, sels de kontrasten tusken de trije manlju. Dy direkte

parallellen binne op de wize fan assosjaasjes ûntstien. Ast skriuwst

- it meast spannende aspekt fan dit wurk foar de skriuwer - bringe

bepaalde saken oare op it kleed, soms identike, soms folslein

tsjinstelde.

Der bestiet ek in yndirekte parallelly, en dat is tink ik ien fan de

pylders fan de roman. De do-persoan operearret allinne yn de

wrâld, hinkelet op ’e râne fan selsmoard. De ‘do’ is in ‘feuille

morte’ dat noch net delkommen is. Syn skiednis rint parallel mei

Anna, de mem, dy’t rûntsjes yn har tún rint, by de feart stiet, mei

de eintsjes praat. Yn de do wurdt ymplisyt it libben fan de âlde

Anna stal jûn.

Op deselde wize komme yn de ik-persoan en de hy-figuer

eleminten nei foaren dy’t in byld jouwe fan Anna, de oer-mem. It

psychologyske elemint lit ik my net oer út, dat moatte lêzers sels

mar ynfolje. Mei dat soart lagen sitst fansels al fier ûnder it

oerflakteferhaal, it drama fan Anna, it drama fan de leafde yn ’t

algemien.

Dy parallelly siet ek hiel dúdlik yn Nanette. Dat boek oer ûnder oare

ultime leafde giet neffens my ek oer identiteitsferlies, in beskate foarm

fan dea. Dat tema sit ek yn Feuilles mortes.

Yn de roman spilet it begryp ‘identiteit’ in grutte rol. Immen

sûnder gesicht, immen dy’t gjin foto’s fan himsels hat, en foaral

immen fan wa’t alle spoaren fan syn bestean ferbaarnd binne, hat

noait bestien, hat noait libbe. Alle Anna’s hawwe in part fan

harren identiteit ferlern, soms sels opoffere, lykas de Anna dy’t de

stoel fan har eks omtovere hat yn in timpeltsje, dêr’t se har elke

jûn yn in solo-akt eroatysk mei him ferieniget. Se is in nonpersoan

wurden. De Anna dy’t har ‘ûnskuld’ op jonge leeftyd

ferlear troch de oergeunst (of noch wat oars) fan de mem waard

har identiteit foar in part ek ûntstellen. Identiteit! Is dat net it

meast wichtige fenomeen dêr’t yn dizze (post)modernistyske wrâld

om fochten wurdt? Feuilles mortes.

It fers fan de Frânske surrealist Jacques Prévert is skreaun yn

1933, it waard doe songen troch de komponist Joseph Kosma. Yn

1959 hat Prévert it wat bewurke foar Juliette Gréco. It is in kaai

nei de roman. Soms haw ik letterlik sinnen en rigels brûkt: ‘wy

sykje op it strân dyn fuotprinten / de deade blêden lizze foar it

opskeppen / de oantinkens en de spyt ek / it libben skiedt per

definysje lju dy’t elkoar leavje / de see wisket de spoaren fan de

brutsen leafdes’. It is dus ek in roman oer de leafde, dy’t stjert,

feroardiele is om te ferstjerren. Ek dat is in striid foar elk dy’t it

ûnderste út it libben helje wol.

Trotwaer

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!