proaza mindert wijnstra Snoek en bears út te silen In jonge snoek hie in boatsje fûn oan ’e kant fan ’e mar. In wrak. It lekte oan alle kanten, it roer wie ferdwûn en de mêst lei heal oerboard. Mar de snoek seach der noch wol ljocht yn. Hy stoppe de gatten ticht mei reidstâlen, sette de mêst wer oerein en makke fan de âld dweil in seil. ‘Giest mei te silen?’ frege er de bears, dy’t nijsgjirrich om it skipke hinne swom. ‘Ja, fet!’ rôp de bears en hipte by de snoek yn it skipke. ‘Dit ha ’k altyd al ris wollen. Kinsto sile?’ ‘Foar de wyn sylt in toppe strie ek,’ sei de snoek, ‘en wy kinne allinnich mar foar de wyn, want wy ha gjin roer. Hâld dy beet, dêr gean we!’ ‘Machtich!’ pipe de bears en gie foaryn lizzen. It buiswetter spatte him oer de kop. ‘Hâld koers, snoek, hâld koers!’ De snoek skuorde oan ’e skoat en it skipke krige de gong der aardich yn. ‘Hast ek wat by dy te iten?’ frege de bears, doe’t se healwei de mar wiene, ‘de seewyn makket roppich.’ Syn lûd kaam amper boppe it gûlen fan ’e wyn út. ‘Nee!’ raasde de snoek. Hy hie hâlden en kearen mei it âld wrak. It waaide hurder as er tocht hie, de mêst kreake der oer. ‘Kinst better bidde ynstee fan ite, want as we dit oerlibje, is ’t in wûnder.’ ‘Bidde?’ rôp de bears, ‘kinsto bidde?’ ‘Ik doch oars neat,’ raasde de snoek, ‘skippers binne tige gelovich, want se kinn’ net swimme. Leausto?’ ‘Nee, ik wit noait wat ik leauwe moat,’ sei de bears en begûn wetter út ’e boat te skeppen, ‘ik leau oars neat as de waarman en de wetterstanden. De rest ha ’k op in pypfol.’ ‘Dan bin ’k ferlern!’ jammere de snoek, ‘mei in heiden oan board.’ Op itselde stuit skuorde de âld dweil yn twaen en kaam de mêst mei in klap nei ûnderen. It boatsje kearde himsels mei de kop yn ’e wyn en achterstefoaren fleagen se op ’e legerwâl ta. ‘Fet, man!’ rôp de bears, ‘dit is pas libjen! Ik wol ek silen leare!’ ‘Hoaze, blinder!’ kjirme de snoek, ‘der falt neat mear te silen. Hoaze!’ Se dûkelen fan skomkop nei skomkop en koene amper de kop noch boppe hâlde, safolle wetter stie der al yn it skipke. ‘Wat in aventoer!’ hime de bears, ‘wy binne freonen foar it libben. Dit ferjit ik noait wer!’ Mei in klap fleagen se tsjin ’e wâl op flak by in fisker dy’t syn ark krekt oppakke soe. De man krige gau it skepnet en fiske de ûnfortúnlike silers út it wetter. ‘Sjoch ris oan, myn dei is doch noch goed,’ lake de fisker. ‘Uzes ek,’ hime de snoek, ‘myn gebed is ferheard, want it hie net folle skeeld, of wy wiene fersûpt.’ 28
29 de Moanne numer 7 septimber 2003 yllustraasje babs wijnstra Trotwaer