02.05.2013 Views

de Moanne

de Moanne

de Moanne

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

45

De devaluaasje

in goeie grap

Foar 1 septimber moast de advyskommisje foar de Gysbert

Japicxpriis 2003 in motivearre advys útbringe oan Deputearre

Steaten. Logysk dus dat de spekulaasjes oer de priiswinner yn ’e

rin fan ’e simmer tanamen. De moaiste ferskynde op 20 augustus

yn de nijs- en diskusjegroep alt.culture.friesland.frysk op it

ynternet: Ut tige betroubere boarne: Willem Tjerkstra kriget dit jier

de Gysbert Japicxpriis foar syn ‘Ridder fan Snits’. Diskear wie de priis

foar proazaskriuwers. Oare kandidaten wiene: Durk van der Ploeg,

Aggie van der Meer, Willem Schoorstra en Koos Tiemersma. Net

fierder fertelle! Cor.

In goeie grap, troch Joop Boomsma twa dagen letter fierder

de wrâld yn brocht fia syn digitale deiboek. ‘Wer gjin Durk van

der Ploeg? Kin ik my hast net foarstelle... Mar ja, Cor ... as ien op

’e hichte is, dan is it Cornelis van der Wal wol.’ Jawis, mar Cor is

ek in earsteklas grapjas en weareldferneuker. It kòe fansels ek net

wier wêze: in KFFB-skriuwer sûnder folle literêre pretinsjes, dy’t

de heechste Fryske literatuerpriis krijt!

Dat pakte oars út. Op 27 augustus lieten DS witte dat de

Gysbert Japicxpriis op ienriedich advys takend waard oan Willem

Tjerkstra (60). Foar syn roman Ridder fan Snits, ‘in mânske

epyske histoaryske roman yn trije parten. Diel 3 is ferskynd yn

2001, de dielen 1 en 2 hat Tjerkstra skreaun yn resp. 1999 en

2000. De kommisje is lykwols fan betinken dat Tjerkstra de priis

fertsjinnet foar alle trije parten.’

Hoeno? Hat de krityk in literêr masterwurk mist? Soe it

diskear net gean om it bêste proazaboek fan 2001 en 2002? Wa

hat/hawwe lekt? En wat te tinken fan Eric Hoekstra, dy’t – yn ’t

earstoan ûnder pseudonym – yn Farsk, Hjir en de Moanne

systematysk sines sei oer de boeken dêr’t er as sjuerylid mei oer

kedize moast?

Nee, alheel koosjer is it dizze reis net gongen. De Gysbert

Japicxpriis is om mear as ien reden devaluearre.

resepsje

Ridder fan Snits is troch de kritisy lang net unanym entûsjast

ûntfongen. Typearjend binne de resinsjes fan Yvonne Dijkstra yn

de Moanne numer 7 septimber 2003

fan de Gysbert Japicxpriis

Alheel koosjer is it mei it takennen fan de Gysbert Japicxpriis

2003 net tagongen. De heechste literêre ûnderskieding foar

Frysk proaza is om mear as ien reden devaluearre.

jan pieter janzen

it Frysk Deiblêd. Oer diel ien, Rom, is se noch wol te sprekken:

‘Oer it generaal is Tjerkstra der goed yn slagge om de histoaryske

karakters oansprekkend te meitsjen foar de hjoeddeiske lêzer, al

binne guon personaazjes net hielendal útwurke.’ It twadde diel,

Skuld, boeit har ‘folle minder’. Se ergeret har oan ‘de patetyk fan

dizze ridder, dy’t sa’t it liket hieltyd deselde flaters makket en dy’t

allinnich mar oan himsels tinkt’. It boek is net mear as ‘it

tuskenstik tusken begjin en ein’. Bij diel trije, Boete, nimt har

yrritaasje fierder ta. As ‘moderne lêzer’ kin Dijkstra der net oer

dat ridder Rienk Bockema net feroaret en him net ûntwikkelet.

Dat hat neat út te stean mei de skriuwstyl fan Tjerkstra, ‘want dy

bliuwt like byldzjend, mar alles mei de generaasjekleau dy’t bestiet

tusken Rienk Bockema en mysels’.

Kollega Jabik Veenbaas is yn de Ljouwerter Krante de negative

kant it neist. Ridder fan Snits is ‘yn pretinsje in psychologyske

roman’, mar de skriuwer mist it fermogen om op nuansearre wize

te psychologisearjen. Syn resinsje fan diel twa beslút er sa:

‘Tjerkstra syn Frysk mei dan frij geef wêze, hy mei yn guon

passaazjes in aardige, sintúchlike sfearskets jaan kinne, ek ‘Skuld’

bliuwt sa as gehiel tefolle in bûnte optocht fan uterlikheden.’

Yn syn Trotwaer-besprek fan diel ien jout Sybren Sybrandy

gjin dúdlik oardiel. Wol hat er it gefoel dat de ‘mominten fan

besinning tefolle apart steane’. Dat jildt neffens him ek foar ‘de

wol hiel tafallige moetingen dy’t Rienk hat op wichtige mominten

yn syn libben’, ‘in soarte fan dei ex machina’. Oan de beide oare

dielen is Trotwaer/de Moanne net takommen.

Oan Hjir is de trilogy helendal foarbijgongen. It soe al wêze,

seit eks-redakteur Tsead Bruinja nei de priistakenning op it

ynternettydskrift Farsk: ‘It earste diel soe ik in besprek oer skriuwe

foar Hjir, mar sawol it boek as it skriuwen fan de resinsje foel my

ôf. Ik kin my in stikje herinnerje dêr’t de haadpersoan as jonge in

famke pakt en de metafoaren dy’t derfoar brûkt waarden, at ik it

net mis ha gie it om in ûntbleate pylk, fûn ik âlderwetsk en

ôfstannelik [...].’

Nee, dan sjuerylid Eric Hoekstra, alias Justus, fan ’t maityd oer

datselde diel op datselde Farsk yn in ymplisite reaksje op de

eardere krityk: ‘Ridder fan Snits is knap en mei masterskip

Trotwaer

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!