02.05.2013 Views

de Moanne

de Moanne

de Moanne

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

7

de Moanne numer 7 septimber 2003

Nei Mata Hari ek Maigret

as toeristyske attraksje

piter terpstra

Doe’t ik yn it maartnûmer fan de Moanne in artikel fan Willem

Winters oer de skriuwer Georges Simenon lies, tocht ik der

ynienen oan dat ik in boek haw dêr’t er twa kear syn hantekening

yn set hat. It wie yn de simmer fan 1966 dat ik him yn

Amsterdam yn it Amstelhotel moete en in koart petear mei him

hie. Dêrom – mei tank oan Winters – dizze lytse bydrage oan

alles wat der yn dit betinkingsjier fan syn hûndertste bertedei al

oer him skreaun is.

Fan A.W. Bruna en Zoon, dy’t de Nederlânske oersettingen

fan al Simenon syn boeken oer de Frânske kommissaris útjûn hat,

waarden twa romans fan de yn Luik berne skriuwer op

fernimstige wize as tûzenste dieltsje fan syn Zwarte Beertjes yn

Amsterdam presintearre.

Wa’t Maigret en de zaak Nahour mei de bekende piip op it

omslach lêst, komt op side 177 in op de kop steande ôfbylding

fan de speurder tsjin. As er dan it boek diagonaal in slach

omdraait, sjocht er de omslachtekening fan Het kasteel van

Roodezand fan Georges Sim foar him.

De iennige oerienkomst tusken de boeken, dy’t fan elkoar

skieden wurde troch 32 fotopagina’s, is dat se beide yn Grinslân

(Delfsyl en it tinkbyldige Roodezand by Slochteren) spylje.

Winters hat yn syn artikel al ferteld hoe’t Simenon yn Delfsyl syn

earste Maigret skreau. Hy die dat yn in healfergien âld skûtsje yn

it Damsterdjip. Het kasteel van Roodezand is ien fan syn 339, tige

yn kwaliteit ferskillende romans. Hy is wolris ‘direkteur fan in

romanfabryk’ neamd. Likegoed hat er jierrenlang nei de

Nobelpriis útsjoen.

Henk Bruna hie de oanbieding fan it tûzenste Zwarte Beertje

treflik oanklaaid. Foar de gasten wiene yn it Amstelhotel inkelde

oeren keamers reservearre foar it ferklaaien en opkreazjen. Anneke

hat dêr, lykas de oare froulju, tankber gebrûk fan makke, wylst ik

in hiele sigaar opsmookt haw.

By de oanbieding sieten Simenon en Bruna yn ’e midden oan

in hiele lange tafel, mei oan beide kanten in rige auteurs út Bruna

syn fûns. Ik wie krekt dwaande mei it fuortsetten fan Havank syn

Schaduw-rige, dus dy eare kaam my ek ta. Der wie in plak

reservearre foar Anne Wadman, fan wa’t Bruna in oersetting fan

De smearlappen útjûn hie, mar Anne kaam net opdaagjen. De

parse en de oare gasten sieten lyk foar ús oer en sa kaam Martin

van Amerongen der ta om Bruna en syn auteurs te fergelykjen mei

in sirkusdirekteur dy’t syn artysten oan it publyk presintearret.

Nei ôfrin fan de plechtichheid brocht Bruna my even yn de

kunde mei Simenon en fertelde him wat oer Havank en Terpstra,

mar ik leau dat er fan gjinien fan beide ea heard hie. Wylst de

direkteur trochrûn nei in oare gast, haw ik noch even mei

Simenon praat en by dy gelegenheid hat er yn beide twa-yn-ien

romans syn hantekening set.

De jûns oan it diner haw ik him amper weromsjoen. Miskien

hat er de liifdokter, dy’t him beselskippe, even foarpriuwe litten,

lykas keningen en keizers dat destiids dwaan lieten troch harren

tsjinners, as se de saak net fertrouden.

De oare deis reizgen de yn in hotel earne yn Utert ûnderbrochte

gasten yn reservearre treinkûpees nei Delfsyl. Dêr waard in troch

Pieter d’Hont makke brûnzen stânbyld fan Maigret, in foarse figuer

mei in hoed en lange oerjas, troch Simenon ‘ûntbleate’. In nuver

wurd, mar it Frysk Wurdboek koe my net wizer meitsje.

Under de gasten wiene Dútske, Ingelske, Italiaanske en

Nederlânske (Kees Brusse en Jan Teulings) akteurs dy’t yn films en

televyzjestikken de rol fan Maigret spile hawwe.

As oantinken krige ik fan Bruna in replika fan it stânbyld, dy’t

noch altyd tusken oare rariteiten by my yn in finsterbank stiet. Ik

haw ek alle Nederlânske Maigret-pockets en de yn 27 dielen

ynbûne ‘samle wurken.’

Dy haw ik jierrenlang net fan it plak helle, mar in pear jier

ferlyn naam ik op in bûtenlânske reis in pear pockets mei omdat

ik tocht dat de ‘herkenning’ miskien wolris nijsgjirrich wêze koe.

Ik siet yn in stêd dêr’t ik de namme net mear fan wit op in

publike bank yn ien dêrfan te lêzen, doe’t in man mei

bekearingsbledsjes nei my ta kaam en sei: ‘Mynhear, ik haw

bettere lektuer foar jo.’

Men soe ferwachtsje dat, lykas Ljouwert foar de befoardering fan

it toerisme mei Mata Hari pronket, Delfsyl mei de hiel wat wichtiger,

yntelliginter en sediger Maigret soks ek dwaan soe. Ik kaam yn

de ferrûne jierren gauris yn it havenplak, mar útsein in kuierrûte ‘in

de voetsporen van Maigret’ haw ik dêr neat fan fernommen.

Mar no hie Delfsyl ûnder de namme ‘Delfzijl in het teken van

Maigret 2003’ yn ’e wike fan 6 oant mei 12 septimber in hiel

programma ôfwurke, fariearjend fan it opfieren fan it toanielstik

De jongen die het wist oant in etalaazjespeurwedstriid. Yn in tal

restaurants waard in spesjaal Maigret-menu optsjinne. Dat sil dan

wol Elzasyske soerkoal mei pikelfleis of keallewoarstjes wêze. En

in gleske Calvados...

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!