02.05.2013 Views

de Moanne

de Moanne

de Moanne

SHOW MORE
SHOW LESS

You also want an ePaper? Increase the reach of your titles

YUMPU automatically turns print PDFs into web optimized ePapers that Google loves.

de klub dy’t frou Hemminga harren foarhâldt, is genôch

kompensaasje.

It boek liket amper omtinken krige te hawwen; ik haw

teminsten gjin resinsjes fine kind.

yn opdracht skreaun

In soad fan de langere ferheljende boeken fan Jant Visser-Bakker

binne ûntstien as ferfolchferhaal foar in tydskrift of krante. Sa

skriuwt se ien fan har meast bekende wurken, Durk en Djoke, yn

opdracht fan J.K. Dykstra as ferfolchferhaal foar it Volksblad voor

Friesland (± 1938). Letter tsjinnet se it ferhaal as manuskript yn by

Us Frysk Berneboek. Dêr ferskynt it yn de C-rige (1956). Dy earste

printinge mei bânûntwerp en tekeningen fan Meinte Walta wurdt

fersoarge troch de Frjentsjerter útjouwer Wever. Yn 1963 ferskynt

de twadde printinge by Miedema, wylst de KU yn gearwurking

mei de AFUK in tredde printinge (1977) fersoarget, dan mei

yllustraasjes fan Anneke Buizer-Visser, dochter fan de auteur.

It ferhaal oer de twilling docht wer sterk tinken oan de Ot-en-

Sienferhalen, figueren dy’t ek de Nederlânske auteur Annie M.G.

Schmidt ynspirearren ta har Jip-en-Jannekeferhalen. Beppe, in

sintrale figuer, is de fertelster, mei yn har lapebank lietsjes, teltsjes

en grapkes. Yn har komt wer de belangstelling fan JVB út foar it

âlde erfgoeed. Nettsjinsteande aaklike dingen as reafonk en

sikehús ferkeare de haadfigueren dochs yn in feilige wrâld. Sels de

skuondoaze stiet noch moai op de winkeltrep yn ’e stêd, dêr’t

Durk him fergetten wie. Alden binne net lang lulk oer ûndogensheden

en laitsje dêr soms sels om. Bern kinne yn sa’n feilige wrâld

op de earste skoaldei bêst sûnder mem nei skoalle. Untjouwing is

te fernimmen as de bern har eigen wei geane, Djoke mei in

freondintsje en Durk mei maten.

Rolpatroanen binne wer dúdlik, lykas yn it boartsjen: famkes

mei poppen en jonges mei soldatepetten. Dy rollen spylje net

allinne by de bern, ek by de folwoeksenen: mem docht de

húshâlding, heit fertsjinnet as túnker – Jan Visser! - de kost.

Dit boek krijt by earste ferskinen ek net in soad omtinken yn

de parse. De Friese Koerier komt yn 1964, by de twadde printinge,

op de libbene beskriuwing fan nijsgjirrige dingen en rjochtet it

omtinken op it tradisjonele yn de fertellende beppe. De resinsint

neamt mei eare Walta syn tekeningen.

De tredde printinge krijt in besprek fan it NBLC (1978). Dêr

wurdt wiisd op de wizigingen yn de tekst; dêrtroch is it

‘taalgebruik iets direkter en meer aangepast aan deze tijd’. It boek

jout in ‘goed beeld van het kinderleven op een Fries dorp van 20

jaar geleden’. De koarte haadstikken binne gaadlik om foar te

lêzen; foar sels lêze is de tekst ‘vrij moeilijk’.

Oan it slot fan dit ferhaal jout de auteur al oan dat se

in twadde diel skriuwe wol. It súkses fan it earste diel hat de

útjefte fan dat twadde diel, Durk en Djoke wurde greater (1959),

grif befoardere. It ferskynde wer mei bânûntwerp en tekeningen

fan Meinte Walta yn de C-rige fan Us Frysk Berneboek. Dit boek

foel der blykber ek wol yn, want yn 1974 ferskynde in twadde en

in 1979 in ‘nije’, tredde printinge, diskear by KU/AFUK. De

yllustraasjes fan Walta binne wer ferfongen troch dy fan Anneke

Buizer-Visser, spitigernôch gjin foarútgong.

Lykas de titel al oanjout, is de twilling hjir wat grutter: op s.

122, it ‘Bislút’, wurdt sein dat de bern no al nei de tredde klasse

sille, in jier of acht dus, mei elk har eigen maten. Likegoed

komme se foar elkoar op of sitte oer elkoar yn noed. De waarmte

en feiligens fan de húshâlding komme wer goed út.

Alde siswizen en spultsjes komme diskear net sa prominint nei

foaren, allinne in inkelde siswize, lykas ‘nei de furtsje-finne / en

dan krije wy de keallen by de sturt en litte se wer rinne’. De

streken fan de bern wurde mei humor tekene en it perspektyf leit

minder by de alwittende ferteller. De rolferdieling is wol aardich

dúdlik: der binne putsjes foar manlju en Djoke gûlt iepenlik,

omdat hja in famke is; Durk docht dat mear temûk. Jonges

meitsje sniehuzen en goaie mei snieballen.

De earste printinge krijt frijwat omtinken yn kranten en foar

de radio. Sa wiist de LC op de sûne opfiedkundige ynslach fan it

ferhaal sûnder tefolle op pedagogyk en foarming oan te stjoeren.

De measte skribinten jouwe in oanbefelling, soms mei dêrby dat

it simpel, mar pittich of tige spannend en libben ferteld is. It

NBLC wiist op it sterk rolbefestigjend karakter, al binne de

aventoeren goed ôfstimd op de wrâld fan in sânjierrige.

Yn de literêre rubryk fan de RONO besprekt Anne Wadman

it tagelyk mei fjouwer oaren, ta eare fan it ‘feest van de

Goedheiligman’. De kwestje berneliteratuer of –lektuer wol er net

op yngean. Literêre arguminten brûkt er dan ek amper. Hy fynt

de oanpak en ‘milieuschildering’ net âlderwetsk en wiist op

ynfloed fan Nynke fan Hichtum. De skriuwster ‘weet met liefde

en met spanning het dagelijks bestaan van iets oudere kinderen te

tekenen’. Fierder ferwiist er noch nei earder wurk as De Pôllebern

en Wytse, in jonge út de Wâlden. Yn ferliking mei In kibich span

fan Tiny Mulder hat er tsjin dit boek oer Durk en Djoke yn

taalopsicht minder beswier.

jeugddetektive

Mei it boek foar wat âldere bern, It spûk by de mole (1973),

weaget de auteur har oan in hiel oar sjenre, dat fan it

52

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!