02.05.2013 Views

de Moanne

de Moanne

de Moanne

SHOW MORE
SHOW LESS

You also want an ePaper? Increase the reach of your titles

YUMPU automatically turns print PDFs into web optimized ePapers that Google loves.

51

allinne yn har uterlik, mar ek yn har dwaan en litten. Yn dat ramt

is it logysk dat Jeltsje in soad thús boartet en de twadde mem foar

har lytse broerke Hâns is. De jonges belibje fierder fan hûs har

aventoeren.

In oare tsjinstelling is dy tusken de fleurige húshâlding mei

trije, en letter fjouwer bern, foar menear en mefrou op it slot

sûnder bern oer. Mefrou hâldt fan bern en mist eigen. Sy soarget

derfoar dat de doarpsbern feestfiere kinne, hat aardichheid oan de

Pôllebern en leafde foar de sike Arnold. It kontrast yn taalgebrûk

slút dêrby oan: mefrou praat Hollânsk en har selskipsjuffer Line

Frysk. Húsfeint Thomas, ek in personielslid, nimt mei syn

Hollânsk in tuskenposysje yn.

De alwittende ferteller wol him noch wolris mei de gong fan

saken bemuoie en praat gauris skôgjend oer de ûnderskate

ferhaalfigueren. Heit Ruerd en syn jonges sit it jeien yn it bloed

bygelyks. In blik yn ’e takomst, dy fan Sjoerd ûnder oare, leit yn

’e reden mei sa’n boppe it ferhaal steande ferteller.

Dat Jant Visser-Bakker in soad belangstelling foar folkloare

hie, komt goed út yn har sammelwurk, dat al yn de tritiger jierren

begjint en letter in publikaasje as de bondel folkslietsjes Hop hop

hynke (1977) opleveret. Har eigen poëzij is dêrtroch beynfloede.

Mar ek yn har ferhalen falt dy belangstelling op. Yn dit ferhaal

wurde in soad âlde lietsjes songen, mei heit op de harmoanika, en

yn it slot by de piano. Manlju en grutte jonges keatsje by teiwaar.

Yn in noat fertelt de auteur dat yn Akkrum elk dat spul ken; sy

hat it hjir dus nei de Wâlden oerbrocht. Tongbrekkers en it

tekenteltsje oer Doetsjemuoi en Tryntsjemuoi, dat Jeltsje oan

Hâns fertelt en foar him tekenet, hearre ek by dy folkskundige

trekjes. Dat teltsje ferskynt letter as in apart boekje (1978), mei

trije jier letter in Nederlânske oersetting (Van Trientjemoei en

Doetjemoei).

Dea en libben kinne minsken sa midden yn de natuer fansels

net foar wei. Al yn it earste haadstik rekket Jeltsje har knyntsje

dea troch Rinse syn tadwaan. Nei in fermoanning foar Rinse

begrave se it bistke meiinoar. Jeltsje fynt it slim dat houtdowen

delsketten wurde. Mar oer guozzejacht en aaisykjen binne gjin

krityske lûden te fernimmen. Libben en dea fan minsken binne

motiven yn de twadde helte fan it ferhaal. Fan berte witte de bern

net folle; dy fan it lytse broerke komt sels de âldste, Sjoerd, ‘suver

oer ’t mad’. En dan mem ek noch siik op bêd! Oan it slot lit

Arnold even it fertriet om it ferstjerren fan syn mem en de langst

nei syn heit blike. En by it feest fan de fyftich jier troude pake en

beppe fan alle doarpsbern komt troch in portretsje út, dat har

iennichst bern al mei fiif jier weirekke is.

Fan dit boek ferskine safolle resinsjes net as fan it ferhaal Fen

twa lytse famkes. De ferwachtings, mei dat boekje oproppen,

binne neffens Sljucht en Rjucht net bedragen útkommen. Dy

ferliket it ferhaal mei Afke’s Tiental fan Nynke fan Hichtum. De

memmen út beide boeken lykje op elkoar mei har soarch foar de

húshâlding. Aventoer en spanning is der genôch, mar gjin wylde

yndiane-aventoeren. De skribint freget him ôf, oft de tekener de

tekst wol goed opnommen hat. Sjoerd hat neffens it ferhaal

swarte krollen en rint meastentiids mei de bleate holle. Op in

print stiet er mei it hier slûk ûnder de pet wei.

de Moanne numer 7 septimber 2003

terherne

Nei Appelskea ferhuzet de húshâlding Visser nei Snits en letter

nei Akkrum. Yn it lêste doarp wurdt Jant opfolger fan har

ferstoarne mem as bibleteekdirektrise. De túnkerij fan har man op

’e Jouwer rint troch sykte op ’e non en se ferhúzje op ’e nij, no

nei Terherne. Dêr komt JVB oan de skoalle fan Roel Bergsma,

dy’t yn 1956 twatalich wurdt. No jout se har hielendal oan it

Frysk en oan it twatalich ûnderwiis. Foar dat ûnderwiis hat se

lêsmetoaden en allerhanne lêsmateriaal skreaun, lykas Fan Syp en

Sip (1949), Fan Kokke, Kike en Kekke (1952), Fan Hanneman

(1957) en hiel wat lêsmateriaal yn de saneamde proefstavering,

dêr’t se har sterk foar makket.

Dêrneist giet it skriuwen fan gruttere wurken troch. In boek

dat wol wat oerienkomsten mei De Pôllebern hat, ek oer in

húshâlding, is Op en om Rûch-Herne (1951). Yllustrearre troch

‘Juf. T. Keuning’ komt it út yn de A-rige fan Us Frysk Berneboek.

De famylje Hemminga ferhuzet nei de oarloch, nei de heit syn

ûnderdûktiid, fan Amsterdam nei in wenwein yn ’e bosk by in

Drintsk doarp. De húshâlding helpt mei om de doarpsmienskip

wer op gong te krijen. Bern yn ’e nederklits wurde holpen. As Jan

en syn maten brân feroarsaakje op ’e droege heide, leart heit

harren, mei ien fan de masters, hoe’t se kampeare moatte en goed

mei de natuer omgean. As alternatyf foar de famkes rjochtet mem

in sjong- en dûnsklubke op. Yn in neiwurd wurdt ferteld hoe’t de

sitewaasje nei trije jier is: alle probleemgefallen binne goed telâne

kommen.

By dit húshâldingferhaal komme alle leden fan de húshâlding,

ynklusyf de folwoeksenen, oan bar. Yn feite is de húshâlding sels

haadpersoan. Fan dy mienskip strielet in hieljende wurking út nei

oaren yn mindere omstannichheden. Streuper Post syn

húshâlding tsjinnet dêrby as kontrast. Dochs ha de Hemminga’s

wol it ien en oar meimakke. Om mem en it jongste famke

Lineke, beide syklik, ferhúzje se fan de grutte stêd nei it plattelân

mei wer de tsjinstelling stêd – plattelân lykas yn it debút fan JVB.

Opfallend is dat mear klam lein wurdt op de syklikens as op it

oarlochsleed. Heit skynt gjin inkeld mankemint, lichaamlik of

geastlik, oprûn te hawwen, mar nimt daliks syn plak yn de

húshâlding wer yn. De bern akseptearje him fuort, hoewol’t

Lineke wol even raar opsjocht fan dy frjemde man. Weimoffeljen

fan oarlochsleed komt ek boppe by it joadske famke yn de

húshâlding fan master en frou De Jong. Der wurdt mar krekt

even referearre oan it wêrom: ‘Har heit en mem binne beide

stoarn, en sadwaende is Pauly hjir foar altyd bleaun’. It hoe en

het wurdt fierder net oer praat.

De Hemminga’s ‘sitte midden yn it mearke’ en skansearre

minsken wurde binnen dat mearke lutsen. De karakters fan de

famkes passe dêr alhiel by: tear en dreamerich, spontaan en

leaf foar oaren. Jonges binne hiel oars, dat binne rosbeiers,

lykas Jan: in selde tsjinstelling as yn De Pôllebern. De heidebrân

is lykwols in ûngelok; mei klam wurdt sein dat de jonges dat

net mei opsetsin dien hawwe. De skieding tusken de seksen

komt ek út by de kampearderij fan de jonges en de sjong-

en dûnsklub fan de famkes. Even klinkt in protest fan de

famkes, dy’t ek wol te kampearjen wolle, mar de woarst fan

Trotwaer

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!