02.05.2013 Views

de Moanne

de Moanne

de Moanne

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

9

‘Wellebrêge’ is net it iennige gedicht fan Tamminga oer de

oarloch. Yn De Tsjerne (1965 V, side 161) publisearre er in parody

op it gedicht ‘De Falskermers’ fan R.P. Sybesma (It Heitelân,

augustus 1940 en letter yn de bondel De swetten útlein, 1942). De

ferhearliking fan it nazidom dêryn kaam Sybesma op swiere

krityk te stean, seit Tamminga yn Trochpaden.

‘De Falskermers’ fan Sybesma stie earder yn De Hollandsche Post

(july 1940), dat - neffens de yntroduksje yn It Heitelân - ‘yn

tsjinst stiet fen de ‘Germaanschvolksche Gedachte’. It gedicht is

‘in foarbyld fen aktuele Fryske oarlochspoezije en it besjongt in

ûnderwerp, dat yette nea in Fryske dichter ynspirearre hat!’

Letter dat jier lit D.H. Kiestra (It Heitelân, 1940) witte dat ‘De

Falskermers’ ‘troch in partij folslein misforstien is.’ Dan folget in

bjusterbaarlike útlis, dy’t ik mar folslein oanhelje: ‘Al ha wy de

oarloch forlern, en al binne der ek forskate fen ús jonges troch de

Falskermers fallen, wy moatte dochs forstean kinne, dat de

Dútske Parachutisten hjar libben priis hawn hawwe en faken priis

jown hawwe, for in saek dy’t hjarren heech en hillich west hat.’

Nei noch wat omballingen komt Kiestra ta in einkonklúzje

omtrint it gedicht: ‘Yn dizze skepping fen ien fen de Fryske

soannen, biwiizget dit âlde folk syn libbenskrêft en syn

ûndylgbere libbenswil. Meije de oare Friezen dy ek biwiizgje troch

it alteast to forstean.’

Dat de redaksje fan It Heitelân sokke gedichten en artikels mei

sokke taal opnaam, wie blykber foar skriuwers as Tamminga,

Leiker, Terpstra en oaren gjin reden om harren bydragen te

staken.

Wol mient Tamminga safolle jierren letter yn Trochpaden dat

it ‘sa fout as wat wie om soks op te nimmen [-]’.

‘Wellebrêge’ waard ek ôfprinte yn Wjerlûd en forwar, in

‘karlêzing út de Fryske forsetsliteratuer’, yn 1963 gearstald fan

Jehannes Terpstra en Freark Dam. (Lês de ynliedingen fan beide

skriuwers!) Yn dy bondel trof ik ‘Weitsrop’ fan Tamminga oan.

Dam neamt it ‘in foarbyld fan in útsprutsen fersetsfers.’ Dat mei

de falskermer

Ik, wiffe falskermjager,

lang yn kaserne en lager

opfokt ta oarlochsfé,

hjir stean ik efter de oaren

en moat sadaelk nei foaren

dryst en ta springen ré.

Ik wit my ûnder ‘t fleanen

gjin earn tusken de earnen,

wiet fielt it yn myn krús.

Strak brek ik fêst de poaten,

se sjitte my oan moaten

en ik kom noait wer thús.

De apocalyps fan Dürer

brekt los en foar de Führer

bin ik mar sieddelsied.

Mem, mem, ik wol net stjerre,

net yn it grêf bidjerre

dêr’t hy ús hinneliedt!

Hwerom gean net de folken

ien wei op as de wolken...?

Dêr blaft it hounsk bifel.

Ik flok dy hiele bende

en fal nei ‘t ûnbikende

as manna út de hel.

D.A. Tamminga,

frij nei R.P. Sybesma

de Moanne numer 7 septimber 2003

sa wêze, my fernuveret de trije kear werhelle oprop: ‘Wês

partisaen!’ (sjoch kader). Hoe kin immen feint, faem en folk

oproppe om partisaan te wurden, wylst er sels - sjoch Trochpaden

- gjin grutter weachstik úthelle as it skriuwen fan in gedicht yn in

yllegaal krantsje (wat ek net sûnder gefaar wie)?

weitsrop

Wês wekker, feint, de slavejacht is iepen.

Wês wekker, hark, in stap giet om it hûs.

Al moannet ek de lea ta rêst en sliepen,

Wês wekker, wit dyn boalen to ûntwiken.

It lân strûpt ûnder en it grien gespús

Mei ’t minste rap regearret op ’e diken.

Mar wês net ien fan nimmen en fan jaen:

Wês partisaen!

Wês wekker, faem, it siket om it lêste.

Slacht dy it herte net fan lûd alarm?

Lit fûgelfaeijen oan dyn hurdsté rêste.

Forachtsje boarntsjelappen en lakeijen,

En bliuw in beaken yn de swiere stoarm,

Dy’t teisteret ús kostbere kontrijen.

Mar bûch dy net yn litten en yn dwaen:

Wês partisaen!

Wês wekker, folk, de fijân hat bifluorre

De wei dy’t útrint op dyn ûndergong.

De tarring minderet yn hûs en skuorre,

Mar út ’e kimen komt in fiere tonger,

Wês wekker, sjoch, as ús de dea bisprong

Sil, ûnder lizzende yn need en honger,

De frijdom ús net fan de plicht ûntslaen:

Wês partisaen!

D.A. Tamminga (1945)

Dizze lêstocht neffens de sniebalmetoade einiget hjir foarearst.

Stúdzje fan it hâlden en dragen fan de Fryske skriuwers yn oarlochstiid

smyt al gau wat op. De etyske fragen rûgelje oer de tafel.

Van der Dunk mient dat de warskôgjende wurking fan

betinkingen ûntkrêfte is. Nije ferskrikkingen en fassinaasje troch

geweld binne der net mei opkeard, skriuwt er. Mar is dat net in te

hege eask? Wy skaffe justysje dochs ek net ôf om’t der hyltyd wer

kriminelen opkomme?

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!