02.05.2013 Views

de Moanne

de Moanne

de Moanne

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

41

de Moanne numer 7 septimber 2003

It wêzen fan it besteande

It stik fan Tineke Steenmeijer-Wielenga oer Jabik Veenbaas syn

essaybondel De lêzer is in duvel (de Moanne, nûmer 5) ûnder de

titel ‘Jabik Veenbaas skerpet de lêzer op’ hat my sa opskerpe dat ik

ferbjustere mei grutte problemen sit. Ik besef no dat Veenbaas in

djippe tinker is, literator en filosoof, in skriuwer fan kwizekwânsje

sa’t wy yn jierren net hân hawwe. Ik haw nochal wat krityk op

him hân. Dy krityk wie fier ûnder de mjitte. Dêrom hat er noait

mear reagearre. Ik koe it hege peil fan ús filosoof net folgje. Sa

haw ik noait witen en ek noait begrepen wat it doel fan ’e

literatuer no krekt is. Tineke en Veenbaas komme derút. Op side

49 beskriuwt Tineke de gedachten fan Veenbaas oer ‘in

humanitêre estetika’. Ik freegje my dan ôf: ‘Wêr ha se it yn ’e

frede oer?’ Soenen se ek bedoele ‘in estetyske humaniteit’? Sjoch,

dêr wurdt it gâns helderder fan. Dan giet it oer in ûnsjogge of

moaie minsklikheid of oer de minsklike skientme of ûnsjoggens.

Sa kinne wy der noch útkomme, mar it wurdt noch folle dreger.

Neffens Veenbaas soe Jo Smit yn in essay skreaun ha ‘dat it

de taak fan ’e moderne skriuwer is om yn syn eigen frijheid in

antwurd te sykjen op de fraach nei it wêzen efter de minsklike

stilearring.’ Wat is dat foar in fraach? Durk van der Ploeg hat yn

syn jeugdsûndetiid ea in essay skreaun oer ‘it wêzen fan it

besteande’. Neffens Noordmans, doe redakteur fan de Leeuwarder

Courant, soe er dêrmei ‘it besteande fan it wêzen’ bedoele. Dêrom

tink ik dat it by Smit in fraach is nei it minsklike efter de stilearre

wêzentlikheid, mar it kin ek wêze dat it giet om de stilearring

efter de wêzentlike minsklikheid of om de minske efter it stilearre

wêzen. Wa jout my hjir útslútsel?

In eintsje fierder giet it oer ‘de ûntjouwing, de ferriking fan ’e

minsklikheid’. Soe er dêr de minsklikheid fan de ferriking en de

ûntjouwing mei bedoele of de ûntjouwing fan ’e minsklikheid fan

de ferriking?

Keunst moat ‘neffens Smit boartlik wêze, keunst moat de

minsklike posysje ûnbefongen beskriuwe’. Smit bedoelt fansels dat

keunst de ûnbefongen posysje minsklik beskriuwe moat. Dan

moat keunst ek noch spesifyk protestearje tsjin ‘de anonimiteit

fan ’e wrâld’ (lês ‘de wrâld fan ’e anonimiteit’).

Tige kritysk is Veenbaas as er it net iens is mei Smit, as dy

beweart ‘dat de psychologyske roman gjin besteansrjocht mear hat

troch de opkomst fan ’e psychology as wittenskip.’ Wat dat

oanbelanget wie ik it mei Smit iens. Dat spyt my no. Ik haw

Veenbaas folslein ferkeard begrepen. Veenbaas bedoelde net de

psychology as wittenskip, hy bedoelde ‘de yndividuele psychology’

en dat is, as ik it goed begryp, de psychology fan it subjektyf

realisme fan Veenbaas en dat subjektyf realisme stiet fier boppe

wat wy, gewoane minsken, tinke dat feiten en realiteiten binne.

Gjin wûnder dat ik as objektyf realistyske prutser neat fan him

begriep. Ik nim myn petsje foar him ôf, bied him tûzen ekskuses

oan en hoopje dat er noch lang yn folle frijheid de Fryske

literatuer ferrykje mei mei syn djippe, drege en skerpe kritiken yn

de Leeuwarder Courant. Dat dêrtroch hûnderten Fryske boeken

by de útjouwer op ’e souder lizzen bliuwe en de lêzer noait

berikke, docht net ta de saak. It giet úteinliken net om de Fryske

literatuer, mar om de autentisiteit fan de subjektive realist

Veenbaas of better sein om de realistyske subjektiviteit fan de

Veenbaasiaanske autentisiteit.

Mei deemoedige groetenis,

Steven H.P. de Jong

jabik veenbaas

Trotwaer

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!