02.05.2013 Views

de Moanne

de Moanne

de Moanne

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

39

de Moanne numer 7 septimber 2003

Faak hie er derop trochfantasearre, ienris op bêd hie er it der samar útflapt.

‘Hiene minsken ek mar wjukken,’ hie er ta beslút suchte.

‘Do smearlap! Ellindige fint, smoarch bist,’ hie se lilk roppen.

It lytse húske skodde deroer, doe’t de doar teplak foel. Ferbjustere hie er nei de tichte

doar stoarre, wat hie er eins ferkeard sein?

It wie dy jûn doe’t er de kar makke. Om it iene te winnen soe er it oare ferlieze. In

hiele moanne hie er net fuort west. Neat gjin drege petearen mei de gemeente. In fiks

gat yn ’e ynventarisaasje. Hy hie it ferlern, al gau wiene de meunsters kaam. Hie er

dochs in ferkearde kar makke?

It reid beweecht, ynienen sjocht er it. Der krûpt wat út it wetter. Stadich gripe de

poatsjes de grouwe stâle fêst. Omheech is it doel. Hy hâldt de siken yn, fernimt er, mar

dat hoecht net, it bistke sil net omkeare. Healweis hâlde de poatsjes stil. It wachtsjen

kin begjinne.

It bistke is betiid, mar ek let. Betiid, want it is noch april, let, want de sinne stiet al

heech. Hy hat it al faker meimakke. It sil in hiel skoft duorje, in libben wurdt ôfsletten,

in nij kin begjinne.

En samar wiene de ferkearde wurden fallen. Wêroer eins wit er net iens mear.

‘Ik wol sa net fierder,’ hie se úteinlik sêft, hast leaf sein.

Hy hie der gjin antwurd op. Syn kar hie goed west, mar har oertsjûgje wie mislearre. En

no soe se fuort, hy hie nochris ferlern.

It lyfke skuort, it sil no net lang mear duorje. Mei ferwûndering sjocht er nei it barren.

It lytse bist lit foargoed in âld libben efter him. Nea mear sil er in gefaar wêze foar it

lytse wetterlibben, noch eefkes en dan sil er baas wêze yn ’e ynsektewrâld boppe it

wetter. Fleane sil er, ite, yn tandem fleane, frij wêze oant...

Hja wie útflein. Noch ien kear hie er har sjoen, mei har praat.

‘Hoe is ’t mei dy?’ hie se frege.

‘Goed.’

‘Wier?’

‘Wier.’

‘Ik sil trouwe.’

‘Soa.’

‘Wy komme yn it nije plan te wenjen.’

‘Soa.’

‘No, it bêste dan mar.’

En dat wie de lêste kear. De meunsters hiene har te pakken krigen.

It is safier, it bistke skommelet noch wat hinne en wer at er fierder by de stâle opklaut.

Syn âlde libben bliuwt sichtber oan ’e stâle hingjen. De wjukken hingje slop om it liif,

mar dat sil net sa bliuwe. It liket der hielendal net op, mar dochs docht it lange smelle

lyfke fan de juffer him oan in sigaret tinken en dêrmei komt him ek it pakje wer yn ’t

sin.

Juster hie er samar it pakje sigaretten en de oanstekker boppe op ’e krante lein. Hy hie

Trotwaer

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!