12.07.2015 Views

10 juni 2004 Eindrapport Taakgroep Vernieuwing ... - Vecon

10 juni 2004 Eindrapport Taakgroep Vernieuwing ... - Vecon

10 juni 2004 Eindrapport Taakgroep Vernieuwing ... - Vecon

SHOW MORE
SHOW LESS

You also want an ePaper? Increase the reach of your titles

YUMPU automatically turns print PDFs into web optimized ePapers that Google loves.

Kearndoelen Fryske taal en kultuerKarakteristykKearndoelenAlle learlingen wenje yn Fryslân, in twatalige provinsje fanwegen dewichtige posysje fan sawol de Nederlânske as de Fryske taal. In prottelearlingen prate Frysk; de measte learlingen fersteane neffens eigensizzen it Frysk foldwaande oant goed. Hja belibje de twatalige kultuerfan de provinsje alle dagen. Learlingen meie har bewust wurde fan ittwatalige karakter fan de mienskip dêr’t se diel fan útmeitsje, en learedêrmei tagelyk oer de ferskillen en oerienkomsten mei situaasjes yn enbûten Nederlân. De taal stiet net op harsels, mar is benammen yn Fryslânstreekrjocht ferbûn mei de kultuer en de skiednis fan de provinsje.Learlingen krije mear sicht op de spesifike skaaimerken fan de Frysketaal en kultuer en de eftergrûnen dêrfan, sadat hja dêrtroch betterdielnimme kinne oan de Fryske kultuer.In soad learlingen sille yn Fryslân wenjen bliuwe. Foar harren hat itdoel om it Frysk as taal better yn ‘e macht te krijen, omdat hja dêrmeimaatskiplik sjoen mear mooglikheden krije. Dat jildt sawol foar harrenletter wurklibben as foar harren deistich libben bûten it wurk om. It fakFrysk begjint by wat de learlingen al kenne en kinne, en sil har Frysketaalûntjouwing safolle mooglik stimulearje. It ideaal – mei it each opharren maatskiplike takomst – is dat learlingen it Frysk op syn minstpassyf behearskjen leare en ek leare om har te realisearjen hoe’t sefoar it Frysk oer steane (taalhâlding, taalgedrach en taalgebrûk). By delessen is Frysk (safolle as ‘t kin) de fiertaal en wurdt it ûnderwiisorganisearre út kommunikative situaasjes wei; dêrby komme alleaspekten fan taal – harkjen, lêzen, mei-inoar praten en foar Frysktaligelearlingen ek skriuwen – safolle mooglik yn gearhing oan bod.Dielnimmer yn in twatalige kultuer1 De learling leart de betsjutting ûnderkennen fan de twataligeFryske kultuer foar it deistich libben en leart dy te ferlykjen meisituaasjes fierder yn en bûten Nederlân.2 De learling leart oan de hân fan foarbylden de spesifike skaaimerkenfan de Fryske kultuer te begripen en dy yn ferbân te bringenmei de histoaryske eftergrûnen dêrfan.3 De learling leart oan de hân fan foarbylden it belang fan Fryskekultueruterings te ûnderkennen (teksten, muzyk, toaniel, film, TV enradio) en de betsjutting dy’t dy foar him hawwe, ûnder wurden tebringenFoar learlingen mei Frysk as twadde taal4aDe learling leart om fia konteksten dy’t foar him sinfol binne, inFryske wurdskat op te bouwen troch tapassing fan ûnderskatestrategyen.5aDe learling leart ynformaasje op te sykjen en te oarderjen út skriftlikeen digitale Frysktalige boarnen op basis fan fragen oer ûnderwerpendy’t binnen de eigen belangstellingssfear falle.6aDe learling leart om in ynformeel petear yn it Frysk te hâlden meioaren fan syn jierren oer ûnderwerpen út syn deistich libben.Foar learlingen mei Frysk as memmetaal4bDe learling leart om him mûnling en skriftlik begryplik út tedrukken en om him te hâlden oan de taalkonvinsjes fan it Frysk(stavering, grammatikaal korrekte sinnen, wurdgebrûk).5bDe learling leart ûntdekken dat it belangryk is om yn formelesituaasjes te kommunisearjen neffens de gongbere taalregels fan itFrysk (wurkoerlis, plenning, diskusje).6bDe learling leart om Fryske ferhalen, gedichten en ynformativeteksten te kiezen en te lêzen dy’t oan syn niget temjitte komme en synbelibbingswrâld ferbreedzje.Beweging in de onderbouw / Bijlagen 63

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!