07.08.2013 Views

Het beleid inzake unieke regionale talen

Het beleid inzake unieke regionale talen

Het beleid inzake unieke regionale talen

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

14

Het beleid inzake unieke regionale talen

soad feroare. Sa’n homogene taalsituaasje as yn myn bernejierren komt yn

Fryslân net mear foar. It plak fan it Frysk yn it basis ûnderwiis is, ûnder

mear troch de de yn haadstik 5 fan dit boek beskreaune gong fan saken,

dúdlik grutter wurden.

Letter, doe’t ik it Hearrenfeanster Lyceum besocht, bestie dêr ek gjin omtinken

foar de Fryske taal en kultuer. It Nederlânsk en Dútsk, Frânsk en

Ingelsk krigen mei rjocht en reden alle omtinken, mar de eigen memmetaal,

it Frysk, hoegde net leard te wurden. Soks komt hjoed de dei frjemd genôch

noch foar, hoewol’t dochs ek yn it fuortset ûnderwiis de tiid net stilstien hat.

Earst doe’t ik mei myn stúdzje oan de Ryksuniversiteit Grins út ein sette,

kaam it belang fan de eigen taal en kultuer nei foaren. It studintelibben wie,

en is dat noch altiten, wat dat oangiet fan grutte betsjutting foar it

ûntwikkeljen fan it besef dat de eigen memmetaal folle mear is, as it

earmoedige plak yn de skoalle tinken docht en die. As it dan boppedat ek

noch dúdlik wurdt dat de takomst fan dy taal, en fan in grut part fan de

regionale talen en dêrmei de kulturele rikens fan ús wrâld, yn de kiif stiet,

kin der op syn minst besocht wurde om dêr wat oan te dwaan. Soks kin op

ûnderskate wizen: it skriuwen fan in proefskrift is dêr mar ien fan.

No’t myn proefskrift ree en printe is, wol ik dy minsken en organisaasjes

tankje dy’t my yn de rin fan it ûndersyk skewield hawwe.

Yn it foarste plak is dat myn promotor, prof.dr. Durk Gorter, dy’t fan it

begjin ôf derfan oertsjûge wie dat it ûndersyk ta in goed ein brocht wurde

soe. Ik sis him tige tank foar it my skonken weardefolle fertrouwen en syn

fierdere stipe en ynbring by it skriuwen fan dizze stúdzje. Yn it oarde plak

sis ik myn ko-promotor, dr. Ben Hoetjes, oprjocht tank foar syn reeëns om

syn saakkundich each oer myn wurk gean te litten. Ik ha graach fan syn

krityske ynbring gebrûk makke.

Ik wol ek de oare leden van de promoasjekommisje: prof.dr. R. Appel

(Universiteit van Amsterdam), prof.dr. F.W. Boterman (Universiteit van

Amsterdam/Rijksuniversiteit Groningen), dr. L.G. Jansma (Fryske

Akademy), prof. dr. J.E. Keman (Vrije Universiteit), prof.dr. T.J. Veen

(Universiteit van Amsterdam), en prof. dr. B. de Witte (Rijksuniversiteit

Limburg), tanksizze foar har reeëns om dit proefskrift te beoardieljen.

Fierder sis ik tank oan dy minsken dy’t ree wienen om mei my te praten en

weardefolle ynformaasje te jaan of oars te skewielen: prof. Nils Århammar,

Bräist; Ludmilla Budar, Budišyn; S.F. van der Burg, Lippenhuzen; drs. Jaap

Castelein, Wurdum; Trudy Childs, Tytsjerk; prof.dr. Martin Kasper,

Budišin; Jan Knebel, Budišin; prof. dr Roland Marti, Saarbrücken; Hark

Martinen, Mildstedt; Michaela Moosche, Budišin; Manfred Nissen,

Aaster-Beergem; Beart Oosterhaven, Wjelsryp; drs. Adeline Petersen, Kiel;

John Petrick, Budišin; Alfred Pörschke, Friesoythe; dr. Alex Riemersma,

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!