07.08.2013 Views

Het beleid inzake unieke regionale talen

Het beleid inzake unieke regionale talen

Het beleid inzake unieke regionale talen

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

Gearfetting

oangeande de Fryske taal en kultuer. It Provinsjaal Bestjoer fan Fryslân

sjocht nije kânsen as in nij regear mei it wurk út ein set. It Fryske Kolleezje

fan Deputearren lit witte in fûnemintele konsensus op it oanbelangjende

beliedsmêd nedich te achtsjen. Dêrop begjint in dialooch tusken provinsje

en Ryksoerheid dy’t, fjouwer jier letter, yn 1989 de earste

bestjoersoerienkomst Fryske taal en kultuer opsmyt.

De yn de tweintichste ieu ta stân kommen beliedsfoarming oangeande it

Frysk hat plakfûn sûnder dat de kearn fan it Haachske belied feroare is.

Dêr’t fan in oanpassen praat wurde kin, giet it winliken om de sekundêre

aspekten. Binnen de Haachske pleitkoälysje kinne oars ûnderskate

stânpunten waarnommen wurde. Dêrnjonken falt de rol fan it Parlemint op.

Keamerleden, en dan benammen dy’t út Fryslân komme, blike in wichtige

rol te spyljen. Hja foarmje foar de provinsjale pleitbesoargers in brêgehaad

yn it Haachske sintrum fan de macht.

Sûnt de ein fan de jierren sechstich hat de Fryske pleitkoälysje it

provinsjebestjoer as foarnaamste aktor. Mar soks wol net sizze dat de oare

aktoaren net fan belang wêze soenen. Oant mids jierren santich binne it

benammen de organisaasjes dy’t mei-elkoar de Fryske Beweging útmeitsje,

dy’t yn de beliedsfoarming in opmerklike rol spylje. Dy organisaasjes

nimme de foarstap ta, en hâlde soms oan as storein, of nimme, lykas yn it

gefal fan de realisaasje fan de Fryske publike regionale televyzje, de

foarstap fan de provinsje wer oer, om sadwaande it stelde doel te berikken.

Dêrnjonken kinne oan de sydline fan it beliedsfoarmingsproses ûnderskate

aktoaren en aktiviteiten waarnommen wurde, dy’t, faak mar foar in koarte

tiid, in bydrage oan it einresultaat besykje te leverjen.

Yn it oare beskreaune gefal, it realisearjen fan de publike regionale televyzje,

stelde it Provinsjaal Bestjoer fan 1980 ôf prikken yn it wurk om ien

en oar foarelkoar te krijen. Nei de presintaasje fan ûnderskate rapporten

wurdt, as de ein fan de Omroepwet yn sicht komt, noch hastich besocht om,

mei help fan in spesjaal yn it libben roppen rjochtspersoan, Fryske televyzje

te realisearjen. De Fryske pleitkoälysje komt lykwols in machtige opponint

tsjin op har paad: de Nederlandse Omroep Stichting. Dy organisaasje fielt

neat foar de Fryske plannen. De NOS is der allinne op út om fêst te hâlden

oan de besteande omropkonstellaasje en dêr passe de plannen foar regionale

of provinsjale televyzje net yn. De NOS sil har opfettings net feroarje, mar

wol har belangstelling ferlieze as it omropmonopoalje troch de komst fan de

kommersjele omrop ûnder fjoer komt te lizzen. Op dat stuit skoddet

‘Hilversum’ sa bot op syn grûnfêsten, dat de ferantwurdlikens foar de

regionale omrop ynlevere wurdt. Dêrmei ferskynt in ferselsstannige

regionale omrop as nije aktor yn de Fryske pleitkoälysje en dêrmei is de

publike regionale televyzje gaueftich in feit.

449

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!