07.08.2013 Views

Het beleid inzake unieke regionale talen

Het beleid inzake unieke regionale talen

Het beleid inzake unieke regionale talen

SHOW MORE
SHOW LESS

You also want an ePaper? Increase the reach of your titles

YUMPU automatically turns print PDFs into web optimized ePapers that Google loves.

Gearfetting

- it feit dat foar alle oanbelangjende unike regionale talen belied ûntwikkele

is. Dat belied hat yn alle gefallen earst nei de Twadde Wrâldkriich in beskate

yntinsiteit krigen;

- it bestean fan in taalbeweging dy’t de foarstap ta de beliedsfoarming nommen

hat. De oarsprong fan dy bewegings leit yn de njoggentjinde ieu;

- de betsjutting fan de ynternasjonale diminsje foar de beliedsfoarming;

- it belang fan de gearstalling fan de pleitkoälysjes. Yn alle gefallen is it fan

fûneminteel belang dat aktoaren sûnder stimmacht it oparbeidzjen mei aktoaren

mei stimmacht foarelkoar witte te bringen;

- it tanommen belang fan de regionale oerheid. Yn alle gefallen nimt de

regionale oerheid in posysje yn de ‘inner circle’ fan it

beliedsfoarmingsproses yn;

- de noasje dat sûnder ynteraksje gjin belied ta stân komt;

- it feit dat yn gjin inkeld gefal de sintrale oerheid de kearnwearden fan de

pleitkoälysje foar it stypjen fan de status fan de oanbelangjende unike

regionale taal oernommen hat. Nearne wurdt op grûn fan de yntrinsike

merites fan in unike regionale taal belied foarme. Dêrfoaroer giet it yn alle

gefallen om in regeljen fan sekundêre aspekten yn it stelsel fan opfettings;

- it feit dat in analytyske hantearberens fan it beliedsûnderwerp hielendal of

foar it grutste part mist;

- it belang fan de eksterne faktoaren foar it beliedssubsysteem. Sûnder de

wurking fan stabile en dynamyske systeemskaaimerken soe de tydlike

ûntfanklikens fan de oerheid foar de winsken fan de taalgroep útbliuwe;

De analysearre taalbeliedssituaasjes ferskille fan elkoar as it giet om:

- de omfang fan it belied. Benammen it Sorbysk lit in relatyf grut tal regels

en in brede ynfrastruktuer sjen, dy’t ferklearre wurdt mei it earder troch de

DDR fierde belied, it yn de praktyk brochte mijen fan ûnwissens en it

tefoaren kommen fan maatskiplike diskriminaasje;

- yn hoefier oft de ynternasjonale diminsje fan belang is. Yn de Dútske gefallen

spilet de oanwêzigens fan Dútske minderheden bûten Dútslân in

opmerklike rol by it belied oangeande de minderheden yn Dútslân sels;

- de ynrjochting fan it belied. De Dútske taalgroepen hawwe ûnderwilens

allegearre streekrjocht tagong ta it ‘sintrum fan de macht’. De Friezen yn

Nederlân misse sa’n foarsjenning;

- de omfang fan de beliedsfoarming. De Nederlânske beliedsfoarming is

grutter en plurifoarmer as de Dútske ekwivalinten. Dy konstatearring stiet

net los fan de gruttens fan de oanbelangjende taalgroepen en it berikte

nivo oan foarsjennings;

455

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!