07.08.2013 Views

Het beleid inzake unieke regionale talen

Het beleid inzake unieke regionale talen

Het beleid inzake unieke regionale talen

SHOW MORE
SHOW LESS

You also want an ePaper? Increase the reach of your titles

YUMPU automatically turns print PDFs into web optimized ePapers that Google loves.

454

Het beleid inzake unieke regionale talen

It belied oangeande it Sorbysk, mar ek dat oangeande it Deensk en dêrmei

it Noardfrysk, kin net ferstien wurde sûnder weet te hawwen fan it Dútske

belied oangeande de Dútsktalige minderheden bûten Dútslan. Dêr kin it

ynternasjonale minderhedebelied, lykas dat sûnt de Helsinki-akkoarden stal

krigen hat yn it ramt fan de OVSE, oan taheakke wurde. Fierder is op in

stabyl systeemskaaimerk wiisd, lykas it skoaren fan Dútslân op de yndeks

fan it mijen fan ûnwissens. Dy omstannichheid hat yn it gefal fan it Sorbysk

foar in relatyf grut tal regels soarge.

Alle ûndersochte taalbeliedssituaasjes litte it belang fan earder belied sjen.

Yn de besteande praktyk liket it foaral om in fierder bouwen op earder leine

fûneminten te gean. As it in taalgroep slagget om dejingen dy’t de besluten

nimme yn it stribjen fan de pleitkoälysje te beheljen, nimt de kâns op in

slagge beliedsfoarming ta. In slagge beliedsfoarming fereasket yn it ramt fan

it BIC- model in beliedsrjochte learen. De kâns dêrop nimt ta as it net om

lyk foarelkoar oer steande kearnwearden fan pleitkoälysjes giet, of om krekt

hielendal mei-elkoar oerienkommende opfettings. De kâns op in

beliedsrjochte learen nimt ek ta as it om langer duorjende

ynteraksjeprosessen giet en as it beliedsûnderwerp in beskate analytyske

hantearberens hat.

Taalbelied is yn de ûndersochte beliedssituaasjes net allinne ôfhinklik fan

de foarstap fan de streekrjochte belanghawwenden, mar allyksa fan

faktoaren dy’t ekstern oan it oanbelangjende beliedssubsysteem binne: de C

fan it BIC- model. Sûnder it wurkjen fan dynamyske en/of stabile

systeemskaaimerken, dy’t foar in tydlik tanimmende ûntfanklikens fan de

oerheid foar it oanbelangjende beliedsûnderwerp soargje, soenen de

besprutsen beliedsgefallen sûnder it oanjûne resultaat bleaun wêze. Yn net

ien fan de ûndersochte beliedsgefallen hawwe de wearden dy’t mei in unike

regionale taal anneks binne, de trochslach yn de beliedsfoarming jûn. De

kearnwearden wurde net troch de oerheid oernommen, mar it giet folle mear

om in oanpassing fan de sekundêre aspekten yn in stelsel fan opfettings. De

trochslach dy’t eksterne faktoaren jouwe liket ek op te gean yn it gefal fan

turbulinte en net wakker strukturearre situaasjes foarsafier’t it om in

wizigjen fan kearnwearden giet, lykas de Sorbyske taalbeliedssituaasjes sjen

litte. Yn dat opsicht kin de oanpak fan Kitschelt, nammentlik dat it yn sokke

situaasjes foaral de doelstellings en mooglikheden fan aktoaren binne dy’t

de trochslach jouwe, bysteld wurde.

It ferlykjen fan de resultaten fan de ferskillende ûndersochte beliedssituaasjes

liedt ta de folgjende konklúzjes:

Alle beskreaune taalbeliedssituaasjes binne deselde as it giet om:

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!