07.08.2013 Views

Het beleid inzake unieke regionale talen

Het beleid inzake unieke regionale talen

Het beleid inzake unieke regionale talen

SHOW MORE
SHOW LESS

You also want an ePaper? Increase the reach of your titles

YUMPU automatically turns print PDFs into web optimized ePapers that Google loves.

Gearfetting

wurde. De ynteraksje tusken de oanbelangjende koälysjes en de analytyske

hantearberens fan it ûnderwerp hat te beheind west om resultaten

ferwachtsje te kinnen.

Haadstik 7 hâldt him mei it Sorbysk yn Dútslân dwaande. De relaasje

tusken de oerheid en it Sorbysk is troch wikseljende perspektiven tekene.

Lang is in germanisearjen fan de Sorben neistribbe, dat yn de nazy-tiid yn

represje kulminearre. Dêrfoaroer hat it Sorbysk al ier in plak yn it ûnderwiis

krigen. Nei de Twadde Wrâldkriich slagge it de Sorben om gau

oerheidsbelied foar it Sorbysk foarelkoar te krijen.

De goed fjirtich jier dat de Sorben yn de Dútske Demokratyske Republyk

libben, kinne posityf wurdearre wurde as it om ûnderwiis- en kultuerbelied

giet. Alderhanne regels oangeande ûnderwiis, bestjoer en rjochtspraak

komme ta stân en boppedat wurdt in yn ferhâlding wiidweidige

ynfrastruktuer foar it Sorbysk realisearre. Dat is allinne mooglik om’t de

Sorbyske organisaasjes, mei dêrûnder de yn 1912 oprjochte Domowina, dy’t

de Sorben nei bûten ta fertsjinwurdiget, har oan de yn dy tiid besteande

ienheidsideology oanpasse.

Under de grutte politike en maatskiplike feroarings fan ein jierren tachtich

slagge it de Sorben ek om har mei elan oan de feroarjende omstannichheden

oan te passen en gebrûk te meitsjen fan de dêrmei gearhingjende kânsen.

Dat hâldt ûnder mear omtinken foar de Sorben yn it Ienwurdingsferdrach yn.

Neidat de twa Dútske steaten ien wurden binne, moat der gau wat ûndernommen

wurde, om’t de Sorbyske ynfrastruktuer oars net oereinholden

wurde kin. Nei in personeel en organisatoarysk nij begjin, rjochtet de

Domowina har fuortendaliks nei’t de DDR yn de Bûnsrepublyk opgien is,

om stipe ta Bonn. De frege stipe komt der, wylst dêrnei in ynteraksjeproses

út ein set om ien en oar in fêstere grûnslach te jaan. De foarstap dêrta wurdt

troch de Domowina nommen, mar dêrnei fuortset troch de heechste

fertsjintwurdigers fan de twa oanbelangjende dielsteaten. Dat al gau

oerienstimming oer de Stiftung für das sorbische Volk ûntstiet, hat fansels te

krijen mei wat yn it Ienwurdingsferdrach ôfpraat is. Boppedat wurdt it

Bonner belied mei beskaat troch it belied dat mei it each op de Dútsktalige

minderheden bûten Dútslân fierd wurdt. Wat dat oangiet kin in parallel

lutsen wurde mei de beliedsûntjouwings ûnder de Weimarrepublyk en dy yn

Sleeswyk-Holstein nei de Twadde Wrâldkriich.

It beskreaune stribjen om it doarp Horno yn Brandenburg net oan it brúnkoalwinnen

op te offerjen, hat út in eachpunt fan taalbelied betsjutting, om’t

Horno as Sorbysk doarp ûnder de wurking falt fan it Grûnwetsartikel dat it

‘angestammtes sorbischen Siedlungsgebiet’ garandearret. De pleitkoälysje

dy’t opkomt foar it behâld fan Horno hat in wikseljende gearstalling. Dat is

te sjen by it stribjen om de analytyske hantearberens fan it ûnderwerp te

451

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!