07.08.2013 Views

Het beleid inzake unieke regionale talen

Het beleid inzake unieke regionale talen

Het beleid inzake unieke regionale talen

SHOW MORE
SHOW LESS

You also want an ePaper? Increase the reach of your titles

YUMPU automatically turns print PDFs into web optimized ePapers that Google loves.

446

Het beleid inzake unieke regionale talen

Gearfetting

Yn dit ûndersyk nei belied en beliedsfoarming oangeande trije unike

regionale talen, te witten it Frysk yn Nederlân en it Noardfrysk en Sorbysk

yn Dútslân, stiet de fraach sintraal wat de oerienkomsten en ferskillen binne

yn it ta stân kommen fan en it belied oangeande de neamde talen en wat de

ferklearring dêrfoar is. Om in antwurd op dy fragen te jaan, wurdt yn

haadstik 1 op de relevânsje fan it dwaan fan ûndersyk nei taalbelied yngien.

Wat is mei oare wurden it belang fan taal foar de oerheid, en oarsom, wat is

it belang fan de oerheid foar taal? Taal is gjin neutraal

kommunikaasjemiddel, mar loyalisearret en ideologisearret. Talen hawwe

fierder in ferskillende status en posysje yn in steat. Regionale talen binne yn

ferhâlding ta nasjonale standerttalen op in efterstân set.

In soad fan de net-nasjonale standerttalen wurde yn har fuortbestean

bedrige en dat makket de fraach nei it oerheidsbelied fan belang. Boppedat

wurdt dy fraach noch relevanter, as de oanbelangjende taalgroep winsken en

easken oan de oerheid foarleit oangeande it brûken fan de taal. Sadree’t dat

it gefal is, kin fan in etnyske diminsje praat wurde. Regionale talen mei in

etnyske diminsje wurde yn dit ûndersyk definiearre as minderheidstalen.

De oerheid hat ûnderskate mooglikheden om op taalwinsken en -easken te

reagearjen. Yn dit ûndersyk giet it net om negaasje, represje of struktureel

oanpassen, mar stiet konsesjebelied sintraal. It giet om belied dat rjochte is

op in útwreidzjen fan de status fan in taal op benammen dy mêden, dêr’t de

oerheid yn de rin fan de tiid in substansjele sizzenskip krigen hat.

De sintrale ûndersyksfraach fan dizze stúdzje is neier útwurke yn fiif

dielfragen:

- Hokfoar belied wurdt yn de ûndersochte gefallen troch de oerheid fierd

oangeande de unike regionale taal of talen?

- hoe hat it oanbelangjende belied him yn de rin fan de tiid ûntjûn en op

hokfoar wize is it beliedsfoarmingsproses ferrûn?

- hokfoar faktoaren kinne de ûntjouwing fan it taalbelied ferklearje?

- hokfoar faktoaren kinne mooglike oerienkomsten en ferskillen tusken de

ûndersochte gefallen ferklearje?

- hokfoar konklúzjes kinne lutsen wurde oangeande it brûken fan it noch te

meitsjen ûndersyksynstrumint en de problematyk fan it ferlykjen?

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!